As jo in Mac brûke of in iPhone hawwe, is de kâns grut dat jo bekend binne mei de Safari-webbrowser. It feit dat it yn it foar ynstallearre is as de standertbrowser foar brûkers fan Apple-produkten, jout it seker in betiid foardiel, mar Firefox hat syn eigen set handige funksjes dy’t it in oantreklik alternatyf meitsje en it kin no as jo standertbrowser op jo Mac en iPhone ynsteld wurde. Hjir sille wy de wichtichste ferskillen tusken ús browser en Safari op it mêd fan privacy, brûkberheid en portabiliteit tusken apparaten ferkenne.

Befeiliging en privacy
Befeiliging en privacy | ![]() |
|
---|---|---|
Priveenavigaasjemodus | ||
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | ||
Blokkearret cryptomining-scripts | ||
Blokkearret sosjale trackers |
Privacy is in faaks besprutsen ûnderwerp foar technologybedriuwen wurden, omdat se harren realisearje dat hieltyd mear minsken harren kwetsber fiele foar saken as datalekken, advertinsjetrackers en hackers. Mar as it giet om de echte middelen dy’t minsken brûke om troch de eigentlike ynterwebs te navigearjen, bliuwt it dan by wurden of ûndernimme se echt aksje om jo gegevens feilich te hâlden?
Lykas earder fermeld, is Apple ien fan dy bedriuwen dy’t koartlyn besluten hat mear oandacht oan privacy te jaan. Noch net sa lang lyn hat Apple cross-site-trackingprevinsje ymplemintearre yn Safari, wêrtroch foarkommen wurdt dat advertinsjes jo folgje op ynternet. Safari biedt ek in sterk-wachtwurdsuggesje wannear’t jo jo oanmelde foar in nij account op elke website. En as jo gebrûk meitsje fan it iCloud-ekosysteem, syngronisearret it dat wachtwurd feilich mei jo oare apparaten, sadat jo it eins nea hoege te ûnthâlden.
Krekt as Safari hawwe wy by Firefox privacy en feilichheid in haadtema makke. Mar yn tsjinstelling ta Safari dogge wy dat al hiel lang. Mozilla (ús memmebedriuw) wie self ien fan de earste stimmen yn de technyske mienskip dy’t alarm sloech oer online privacy.
Us priveenavigaasjemodus blokkearret trackers en wisket jo wachtwurden, cookies en skiednis hieltyd wannear’t jo dizze slute. Mar jo kinne ek ús avansearre privacyfunksjes ûnderfine, sels yn de normale navigaasjemodus. Mei de nijste ferzje fan Firefox is Ferbettere beskerming tsjin folgjen standert ynskeakele. Dit foarkomt dat saken as cross-site-trackers jo folgje wylst jo oer it web surfe. Omdat Facebook hast deistich betrape wurdt op privacyproblemen, is ús útwreiding Facebook Container bot logysk. It makket it swierder foar Facebook om jo op ynternet te folgjen – fergelykber mei wat Safari docht om cross-site-tracking foar te kommen – mar Firefox isolearret jo Facebook-sesje yn in aparte kontener, wêrtroch Facebook net folgje kin wat jo op oare websites dogge. Wêrom moatte se ommers witte wat jo opsykje op WebMD?
Wat befeiliging oanbelanget is Firefox ek solide. Hieltyd wannear’t jo Firefox brûke, kinne jo mei de rjochtermûsknop yn it wachtwurdfjild klikke om feilich in sterk wachtwurd te generearjen mei de opsje Wachtwurd ynfolje. Wannear’t jo jo nije wachtwurd bewarje, sille wy jo freegje om dit te bewarjen yn de ynboude wachtwurdbehearder, Lockwise. Wy biede brûkers mei en sûnder in account ek in oar fergees en nuttich produkt mei de namme Monitor, dat jo automatysk warskôget as jo gegevens foarkomme yn in bekend datalek.
As jo derfoar kieze om Safari te brûken, binne jo yn feilige hannen salang as jo in Apple-apparaat brûke. Mar Safari wurket allinnich op Apple-apparaten, wylst Firefox op Windows, macOS, iOS, Android en Linux wurket. It makket dus net út hokker bestjoeringssysteem jo kieze, mei Firefox hawwe jo oeral ús befeiliging en privacybeskerming.
Brûkberheid
Brûkberheid | ![]() |
|
---|---|---|
Automatysk ôfspyljen blokkearje | ||
Navigearje mei ljepblêden | ||
Blêdwizerbehearder | ||
Automatysk ynfoljen fan formulieren | ||
Sykmasine-opsjes | ||
Tekst nei spraak | ||
Lêzermodus | ||
Staveringshifker | ||
Webútwreidingen/add-ons | ||
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser |
Apple stiet bekend om syn sluten ekosysteem, omdat it betrekking hat op it meitsjen fan software foar syn produkten. Mar yn de App Store biedt it wol in seksje foar ûntwikkelers om ynstekkers en add-ons te meitsjen om de browser robúster te meitsjen. Dizze útwreidingen binne ek troch te sykjen fia de App Store en kinne ienfâldich tafoege wurde oan Safari.
Neist de normale set funksjes dy’t jo yn in browser ferwachtsje soene, lykas navigearje mei ljepblêden en priveenavigaasje, hat Safari ek inkelde ûnferwachte funksjes. As in brûker bygelyks earne op in side yn Safari mei de rjochtermûsknop op in wurd klikt en dêrnei op Zoeken klikt, krije se in wurdboekdefinysje plus fermeldingen út de tesaurus, App Store, films en mear. Alderlik tafersjoch yn Safari is ienfâldich oan te passen, wêrtroch de folwoeksenen wat gerêster wêze kinne wannear de bern nijsgjirrich wurde nei ynternet.
Krekt as Safari moediget Firefox harren entûsjaste ûntwikkelersmienskip oan om add-ons en útwreidingen foar de browser te meitsjen. En omdat ús platfoarm iepenboarne is, is der in wiidweidige seleksje mei in skat oan funksjonaliteit.
Jo krije as jo jo ynskriuwe foar in Firefox-account ek tagong ta unike services, lykas Pocket, dat streekrjocht yn de browser ynboud is. Mei de knop Pocket foar Firefox kinne jo websien en fideo’s yn Firefox yn mar ien klik bewarje yn Pocket, sadat jo in opskjinne ferzje dy’t frij is fan ôfliedingen lêze kinne, wannear en wêr’t jo dat wolle – sels offline.
Firefox is ek geweldich foar fideo en audio. Mei de streekrjochte yn de browser ynboude en automatysk ynskeakele opsje om automatysk ôfspyljen te blokkearjen, sil gjin inkelde website ea sûnder útnûging nei jo raze of blaffe.
Screenshots is in oare populêre funksje dy’t yn de Firefox-browser ynboud is, wêrmei't jo ienfâldich in skermôfdruk fan jo skerm bewarje kinne. As jo in skermôfdruk meitsje, dan kinne jo derfoar kieze it bestân te kopiearjen of kieze yn hokker map jo it bewarje wolle, yn stee fan jo buroblêd te fersmoargjen.
Beide browsers hawwe in protte gelikense funksjes, en inkelde unike funksjes. It is it fermelden wurdich dat, as jo folle skermôfdrukken meitsje, jo jo ôffreegje sille hoe’t jo ea sûnder dizze handige funksje dy’t streekrjocht yn Firefox ynboud is libje ha kinnen. Mar as jo allinnich op syk binne nei in snelle, priveebrowser foar surfen en winkeljen, wolle jo Firefox miskien ris probearje – foaral as jo allinnich mar Safari brûke, omdat it yn it foar ynstallearre is as standertbrowser op jo kompjûter. Uteinlik sille jo ûntdekke hokker better past by jo behoeften.
Portabiliteit
Portabiliteit | ![]() |
|
---|---|---|
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | ||
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen | ||
Syngronisearret mei mobyl | ||
Wachtwurdbehear | ||
Haadwachtwurd |
Firefox en Safari biede beide in probleemleaze ûnderfining by it skeakeljen fan desktop nei mobyl browsen of vice versa. Foar Safari is ien fan de wichtichste troeven de kontinuïteitsfunksjes. It syngronisearret jo blêdwizers, ljepblêden, skiednis en mear mei iCloud, sadat se beskikber binne op al jo apparaten. Dat betsjut dat jo in ljepblêd op jo iPhone iepenje kinne en dizze ek op jo macOS-laptop ferskine litte kinne mei mar ien klik.
Firefox biedt in fergelykbere syngronisaasjefunksje wannear’t jo jo oanmelde foar in fergees Firefox Account, wêrmei brûkers harren blêdwizers, navigaasjeskiednis, foarkarren, wachtwurden, ynfolle formulieren, add-ons en de lêste 25 iepene ljepblêden maklik syngronisearje kinne op mear kompjûters. Wat Firefox ûnderskiedt fan Safari, is dat it beskikber is op elk desktop- of mobyl platfoarm, iOS, Android, Windows of macOS, wêrtroch portabiliteit nei elk apparaat dat jo hawwe stimulearre wurdt.
De Firefox-app foar iOS en Android is ien fan de fluchste browsers dy’t beskikber is en hat ek solide befeiligings- en anti-trackingfunksjes – in enoarm pluspunt as jo konstant wikselje tusken in laptop en mobile apparaten.
Omdat Safari de eigen webbrowser fan Apple is, wurket iCloud-syngronisaasje allinnich mei Apple-produkten. Dit kin sawat beheind wêze as jo bygelyks sawol in Android-brûker as in iPhone-brûker binne of as jo in Windows-pc hawwe foar jo wurk, mar in iPhone as jo persoanlike apparaat brûke.
Algemiene beoardieling
Safari jout in prima surfûnderfining dy’t ienfâldich, fluch en probleemleas is as jo in Apple-brûker binne mei mear Apple-produkten. Krekt as Safari is Firefox in snelle en brûkbere browser, mar privacy en cross-platfoarmkompatibiliteit binne ús bepalende kenmerken. Firefox wurdt elke moanne bywurke mei nije funksjes en funksjonaliteit. Sa hat bygelyks in resinte fernijing ús Ferbettere beskerming tsjin folgjen standert ynskeakele foar nije brûkers, dat cookies en cross-site-trackers effektyf blokkearret.
Uteinlik komt it del op wat jo wurdearje yn jo browser. As jo yntinsyf gebrûk meitsje fan it Apple-ekosysteem, is Safari noch hieltyd in goede kar. Mar as jo wearde hechtsje oan it hawwen fan de nijste en beste privacybeskerming en it wurkje kinne mei mear bestjoeringssystemen, tinke wy dat Firefox jo beste kar is. Firefox is ek in solide opsje as twadde browser foar dy brûkers fan Apple dy’t miskien oerskeakelje wolle nei in oare browser foar dy onlinemominten dy’t om ekstra lagen privacybeskerming freegje.
De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) |
Safari (14)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.