In geweldige ynternetbrowser moat de funksjonaliteit hawwe dy't jo nedich hawwe, de portabiliteit hawwe foar ferskate apparaten en de privacy biede dy't jo fertsjinje.
Omdat jo browser jo tagongspoarte is ta it ynternet, stean snelheid, befeiliging, privacy en brûkberheid foarop. Yn de ôfrûne jierren is Google Chrome foar in protte minsken de favorite browser west. Mar yn in tiid wêryn online advertinsjes ús oeral lykje te folgjen en datalekken in fêst ûnderdiel binne yn it nijs, begjinne in protte minsken mear privacy en respekt fan harren browser te easkjen.
Dus is jo browser de bêste foar wat jo online dogge? De krekte browser kin in grut ferskil meitsje yn hoe't jo it web ûnderfine. Litte wy dus sûnder fierder dralen Google Chrome, Firefox, Safari, Opera, Brave, Microsoft Internet Explorer en Edge fergelykje – en sjen hokker it bêste by jo past.
Befeiliging en privacy
Hokker browser hâldt saken it bêst fertroulik?
Befeiliging en privacy | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|---|---|
Priveenavigaasjemodus | |||||||
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | |||||||
Blokkearret cryptomining-scripts | |||||||
Blokkearret sosjale trackers |
It is net ûnredelik om in heech nivo fan gegevensbeskerming en privacy te ferwachtsjen fan de produkten dy't wy regelmjittich brûke om online te gean. In browser moat minimaal in soarte fan ‘priveenavigaasjemodus’ oanbiede dy't automatysk jo skiednis en sykskiednis fuortsmyt, sadat oare brûkers op deselde kompjûter der gjin tagong ta hawwe. Op dit gebied skoare alle seis hjir fergeleken browsers punten.
Wat jo online dogge, soe letterlik net ien syn saak wêze meie.
In oare browserfunksje dy't in gegeven wêze moatte soe, is de mooglikheid om foar te kommen dat websites en bedriuwen jo sneup- en winkelgegevens folgje – sels yn de normale navigaasjemodus.
It gebrûk fan in browser dy't trackers fan tredden blokkearret, is net allinnich wichtich foar jo privacy – it betsjut meastentiids ek dat hy folle flugger wurket. De measte trackers binne gewoanwei skripts dy't op de achtergrûn op in oantal websites útfierd wurde. Se binne ûnsichtber, mar se fertraagje wol jo browser. Fan ferzje 67 fan Firefox ôf wurde fingerprinters en cryptominers ek blokkearre. As jo net bekend binne mei cryptominers, is hjir in foarbyld fan it effekt dat se hawwe kinne: miskien hawwe jo ûnderfining dat jo kompjûter ynienen waarmer wurdt of dat de batterij flugger dan normaal leech rekket. Dat is faaks it byprodukt fan cryptominers dy't op jo apparaat rûnslûpe.
Brûkberheid
Wat hat jo browser de lêste tiid foar jo dien?
Brûkberheid | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|---|---|
Automatysk ôfspyljen blokkearje | |||||||
Navigearje mei ljepblêden | |||||||
Blêdwizerbehearder | |||||||
Automatysk ynfoljen fan formulieren | |||||||
Sykmasine-opsjes | |||||||
Tekst nei spraak | |||||||
Lêzermodus | |||||||
Staveringshifker | |||||||
Webútwreidingen/add-ons | |||||||
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser |
Neist privacybeskerming, dy't foar in grut part yn de eftergrûn fan de browser bart, is in oar wichtich yngrediïnt fan in goed makke browser de echte brûkersynterface en funksjonaliteit. Hast alle sân browsers binne lyk as it giet om navigaasje mei ljepblêden, blêdwizerbehear, automatysk oanfolje, proeflêze en útwreidingen. Firefox, Edge en Opera biede ek in funksje foar flugge skermôfdrukken, dy't hiel handich bliket te wêzen en sûner mear wat is dat opfalt as jo oerskeakelje nei in browser sûnder.
Portabiliteit
Hoe goed wurket jo browser op al jo apparaten?
Portabiliteit | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|---|---|
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | |||||||
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen | |||||||
Syngronisearret mei mobyl | |||||||
Wachtwurdbehear | |||||||
Haadwachtwurd |
It earste wat jo witte moatte oer portabiliteit is dat net alle browsers op alle bestjoeringssystemen draaie. Hoewol Firefox, Chrome, Edge, Brave en Opera op alle wichtige systemen wurkje en ienfâldich te ynstallearjen binne, wurkje Internet Explorer en Safari allinnich op de eigen systemen fan Microsoft en Apple. De mobile ferzje fan Safari is yn it foar ynstallearre op de mobile apparaten fan Apple en de measte Android-apparaten wurde levere mei in yn it foar ynstallearre browser dy't troch de fabrikant foar it apparaat oanpast is. Firefox, Chrome, Brave, Edge en Opera kinne ienfâldichwei ynstallearre en sels neist inoar brûkt wurde.
Mei hast alle hjir fergeleken browsers kinne jo syngronisearje tusken desktop en mobile apparaten. Jo hawwe hjirfoar in account nedich, wêrmei't jo jo op alle apparaten yn de browser oanmelde kinne en saken lykas wachtwurden, navigaasjeskiednis, blêdwizers en ynstellingen syngronisearje kinne.
Konklúzje:
En de winner is…
Op basis fan de útiensette kritearia – privacy, brûkberheid en portabiliteit – is der eins mar ien browser dy't oan alles foldocht, en dat is Firefox. It echte ferskil sit net yn funksjonaliteit, mar yn privacy. Firefox is de browser dy't sawol it meast privee is en jo net opslút yn in ekosysteem. Brûk it op elk bestjoeringssysteem, op al jo apparaten en fiel jo feilich wannear't jo dat dogge.
Browsers hawwe in lange wei ôflein sûnt Chrome yntrodusearre waard en it merkoandiel oernaam. De measte moderne browsers hawwe de kleau op it mêd fan portabiliteit en brûkberheid sluten en hawwe op guon gebieden, lykas snelheid en privacy, Chrome sels oertroffen. Dochs sil it bepalen fan hokker browser foar jo geskikt is, altyd ôfhinklik wêze fan jo yndividuele behoeften en wêroan jo de measte wearde hechtsje as jo online navigearje.
De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) |
Chrome (85) |
Edge (85) |
Safari (14) |
Opera (67) |
Internet Explorer (11) |
Brave (1.14.81)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.
Firefox wurdt stipe troch de non-profitorganisaasje Mozilla.
Firefox stelt jo privacy foarop – yn alles wat wy meitsje en dwaan. Wy leauwe dat jo it rjocht hawwe om te beslissen hoe en mei wa jo jo persoanlike gegevens diele. Firefox sammelet sa min mooglik gegevens en ferkeapet dizze nea. De lytse hoemannichte gegevens dy't wy sammelje, wurde allinnich brûkt om produkten en funksjes te ferbetterjen. Gjin geheimen. Mar in protte transparânsje en echte privacy.
Download Firefox — Frysk
Jo systeem foldocht mooglik net oan de easken foar Firefox, mar jo kinne ien fan dizze ferzjes probearje:
Download Firefox — Frysk
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox
- Download Firefox