Mozilla VPN

Befeiliging, betrouberheid en snelheid – op elk apparaat, wêr't jo ek binne.

In Virtual Private Network fan de makkers fan Firefox.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Ien tik nei privacy

Sneup, stream, game en wurkje wylst jo jo online privacy behâlde. Oft jo no reizgje, iepenbiere wifi brûke of gewoanwei op syk binne nei mear online befeiliging, wy sille jo privacy altyd foarop stelle.

Fluch en feilich netwurk

Mozilla VPN draait op in wrâldwiid netwurk fan servers. Mei help fan it meast avansearre WireGuard®-protokol fersiferje wy jo netwurkaktiviteit en ferstopje wy jo IP-adres. Wy logge, folgje of diele jo netwurkgegevens nea.

In VPN fan in merk dat jo fertrouwe kinne

Al mear as 20 jier stiet Mozilla der om bekend dat it minsken foarop stelt en foar online privacy stridet. Stipe troch in non-profitorganisaasje, binne wy tawijd oan it bouwen fan i better en sûner ynternet foar elkenien. Alles wat wy meitsje, makket diel út fan ús missy en folget ús prinsipen.

Meitsje ferbining mei mear as 400 servers yn mear as 30 lannen

Besjoch ús folsleine list mei servers.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Op dit stuit beskikber yn 13 lannen. Ynkoarten folgje mear regio’s

FAQ’s