
Firefox Browser Developer Edition
Wolkom by jo nije favorite browser. Krij de nijste funksjes, flugge prestaasjes, en it nedige ûntwikkelersark om it iepen web te bouwen.
Firefox Developer Edition — Frysk
Jo systeem foldocht mooglik net oan de easken foar Firefox, mar jo kinne ien fan dizze ferzjes probearje:
Firefox Developer Edition — Frysk
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
Firefox Developer Edition ferstjoert automatysk feedback nei Mozilla. Mear lêze

Bettere prestaasjes
De CSS-masine fan de folgjende generaasje
Firefox Quantum besit in nije CSS-engine, skreaun yn Rust, dy't de nijste ynnovaasjes befettet en alderferskuorrendst fluch is.

Nij ark
Ynaktive CSS
Firefox DevTools jout tenei CSS-deklaraasjes dy't gjin effekt op de side hawwe griis wer. Wannear't jo it ynformaasjepiktogram oanwize, sjogge jo in nuttich berjocht oer wêrom de CSS net tapast wurdt, ynklusyf in hint oer hoe't it probleem oplost wurde kin.

Nij ark
Firefox DevTools
De nije Firefox DevTools is krêftich, fleksibel, en it bêste fan alles, oanpasber. Hjirûnder falt in treflike JavaScript-debugger, dy't geskikt is foar mear browsers en boud is yn React en Redux.

Ynnovative funksjes
Master CSS-raster
Firefox is de iennige browser mei ark dy't spesifyk makke is foar it bouwen en ûntwerpen mei CSS Grid. Mei dit ark kinne jo it raster fisualisearje, keppele gebietsnammen werjaan, foarbylden fan transformaasjes op it raster besjen, en folle mear.
Untwerp. Kodearje. Test. Ferfynje.
Meitsje en ferbetterje jo websites
mei Firefox DevTools
-
Inspector
Ynspektearje en ferfynje koade om pixel-perfekte lay-outs te meitsjen.
-
Konsole
Kontrolearje CSS, JavaScript, feilichheid en netwurkproblemen.
-
Debugger
Krêftige JavaScript-debugger mei stipe foar jo framework.
-
Netwurk
Monitor netwurkfersiken dy't jo website fertraagje of blokkearje.
-
Unthâld-paniel
Foegje ta, bewurkje en smyt buffer, cookies, databases en sesjegegevens fuort.
-
Responsive Design-modus
Test websites op emulearre apparaten yn jo browser.
-
Fisuele bewurking
Animaasjes, rjochtsjen en padding bywurkje.
-
Prestaasjes
Iepenje fûken, streamlynje prosessen, optimalisearje ûnderdielen.
-
Unthâld
Fyn ûnthâldlekken en meitsje jo applikaasje pittich.
-
Stylbewurker
Bewurkje en behear al jo CSS-stylsjabloanen yn jo browser.
Fertel it ús
Kommentaar makke ús better. Fertel ús hoe't wy de browser en Developer-ark ferbetterje kinne.
Meiwurkje
Help mei mei it bouwen fan de lêste ûnôfhinklike browser. Skriuw koade, reparearje bugs, meitsje add-ons en mear.
