Krekt as de Firefox-browser is de Brave-browser fergees, opensource en rjochte op de beskerming fan de privacy fan de brûker. Brave is in relative nijkommer yn de browserwrâld: de makker, Brave Software, lansearre de browser yn jannewaris 2016. Yn dit artikel fergelykje wy ús Firefox-browser mei de Brave-browser yn trije kategoryen: privacy, brûkberheid en portabiliteit.

Befeiliging en privacy
Befeiliging en privacy | ![]() |
|
---|---|---|
Priveenavigaasjemodus | ||
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | ||
Blokkearret cryptomining-scripts | ||
Blokkearret sosjale trackers |
De Brave-browser is, krekt as in protte oare browsers, boud op de opensource Chromium-koade fan Google. Opensource betsjut dat elkenien de boarnekoade brûke kin en dêrmei meitsje kin wat se wolle – lykas de Opera- en Edge-browsers. Mar it betsjut net dat alle op Chromium basearre browsers lyk of sels opensource binne.
Brave ûnderskiedt harren fan de oare Chromium-browsers troch har te rjochtsjen op brûkersprivacy – spesifyk troch standert trackers, scripts en advertinsjes te blokkearjen. Wannear’t jo dus de Brave-brûke, wurde de gebieden fan in website wêr’t normaal sprutsen advertinsjes stean as lege romten toand. Yn guon gefallen lade siden net goed, wêrtroch jo in oare browser kieze moatte of de ynstelling ‘Schilden omhoog’ omsette moatte nei ‘Schilden omlaag’, wêrtroch de privacy- en feilichheidsbeskerming útskeakele wurdt.
It ynternet as gehiel wurdt foar in grut part betelle troch it toanen fan advertinsjes, wêrtroch de ynhâld dy’t jo echt sjen wolle fergees bliuwt. Brave hat probearre dit model te ferbetterjen troch har brûkers oan te moedigjen har oan te melden foar it eigen beleanningssysteem fan Brave, dat yn wurklikheid har eigen advertinsjeplatfoarm is. As in brûker ien kear oanmeld is, toant Brave ‘privacy respektearjende advertinsjes’, wêrfoar jo in saneamd Basic Attention Token, of BAT, besjen en fertsjinje kinne. Fan dat momint ôf kinne brûkers fan Brave dêrfoar kieze harren BATs út te jaan oan stipe fan haren favorite websites of yndividuele bydragers, dy’t op harren beurt de BATs yn echt jild omsette kinne.
Oft it no komplisearre of as in geweldich idee klinkt, hinget wierskynlik ôf fan jo ôfkear fan advertinsjes op it ynternet. De measte ynternetbrûkers begripe dat goede ynhâld jild kostet en fine it prima dat dat jild út advertinsjes komt.
Oan de oare kant, mei de Firefox-browser jouwe wy der de foarkar oan om de boel simpel te hâlden. Firefox soarget der standert foar dat in protte trackers fan tredden, cryptominers en fingerprinters jo net folgje kinne. Lykwols, Firefox kiest der, bûten de priveenavigaasjemodus, foar om de werjefte fan advertinsjes net te blokkearjen. Dat wol sizze, útsein jo ien fan de útwreidingen dy’t spesjaal foar dat doel ûntwurpen binne ynstallearje.
Inkelde befeiligingsfunksjes yn Brave binne it fermelden wurdich, lykas de automatyske ferbiningsfernijingen nei HTTPS (dy’t Firefox ek biedt mei in útwreiding). Brave en Firefox biede beide in ynboude wachtwurdbehearder en de mooglikheid om altyd befeiligingsstatistiken te besjen. Brave toant statistiken as it oantal blokkearre trackers as jo in nij ljepblêd iepenje. Firefox toant fergelykbere ynformaasje as jo jo privacyrapport besjogge, dat jo altyd iepenje kinne troch op it skiltsje yn de adresbalke te klikken.
It komt derop del dat, hoewol it fertsjinmodel fan Brave mei de Basic Attention tokens miskien te yngewikkeld is foar in protte brûkers, yn it algemien sawol Brave as Firefox ferskillende manieren biede om fan in feilige en privee surfûnderfining te genietsjen.
Brûkberheid
Brûkberheid | ![]() |
|
---|---|---|
Automatysk ôfspyljen blokkearje | ||
Navigearje mei ljepblêden | ||
Blêdwizerbehearder | ||
Automatysk ynfoljen fan formulieren | ||
Sykmasine-opsjes | ||
Tekst nei spraak | ||
Lêzermodus | ||
Staveringshifker | ||
Webútwreidingen/add-ons | ||
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser |
Wat guon nije Brave-brûkers ferbjusterje kinne soene, is hoe fluch siden yn de browser lade kinne. De reden foar dizze flugge laadtiden is dat siden folle flugger lade as alle advertinsjes dêrop blokkearre wurde. Der is ienfâldichwei minder te laden, dus it kostet minder tiid.
Yn termen fan wurklik gebrûk fan kostber ûnthâld is de Brave-browser in stik swierder as Firefox. Brave wurdt levere mei ferskate funksjes en ‘add-ons’, wêrtroch mear RAM-ûnthâld brûkt wurdt. Mei Firefox kinne jo echter sels beslisse hokker add-ons en útwreidingen jo tafoegje wolle.
Oanpassing fan eleminten fan de brûkersynterface en fan tema’s is al jierren in favorite funksje fan Firefox-brûkers en ús entûsjaste ûntwikkelersmienskip hat in enoarme biblioteek fan iepenboarne add-ons en útwreidingen oanlein, wêrtroch noch mear personalisaasje en funksjonaliteit mooglik is. By Firefox meilevere funksjes omfetsje ús krêftige helpmiddel foar skermôfdrukken, tagonklikheidsfunksjes en yntegraasje mei Pocket – in helpmiddel wêrmei brûkers fluch in artikel bewarje kinne dat se letter op elk apparaat lêze kinne.
Brave stipet ek de enoarme biblioteek fan útwreidingen dy’t beskikber is yn de Google Chrome-webwinkel en biedt in keur oan ynboude funksjes, lykas it earder neamde Brave Rewards-programma en stipe foar it downloaden fan torrents yn de browser.
Portabiliteit
Portabiliteit | ![]() |
|
---|---|---|
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | ||
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen | ||
Syngronisearret mei mobyl | ||
Wachtwurdbehear | ||
Haadwachtwurd |
De mooglikheid om jo wachtwurden, útwreidinge, formuliergegevens, add-ons en oare foarkarren op al jo apparaten en bestjoeringssystemen te syngronisearjen is in funksje dy’t al jierren yn Firefox beskikber is. De syngronisearre gegevens wurde ek fersifere, wat betsjut dat net ien der fan bûten ôf tagong ta hat.
De Firefox-browser biedt brûkers de mooglikheid harren oan te melden foar in fergees Firefox Account. In Firefox-account is de kaai om syngronisearje te kinnen tusken apparaten, en jo ûntfange it foardiel fan produkten as Firefox Monitor, dat jo e-mailadressen kontrolearret en jo warskôget as jo gegevens troffen binne troch in bekend datalek.
Brave hat koartlyn ek de mooglikheid om gegevens tusken de populêrste bestjoeringssystemen en apparaten te syngronisearjen yntrodusearre, krekt as de tafoege mooglikheid om jo Basic Attention Tokens te syngronisearjen.
Algemiene beoardieling
As de twa browsers fergelike wurde, biede sawol Firefox as Brave standert in avansearre nivo fan privacy en befeiliging, dat automatysk beskikber is fan de earste kear ôf dat jo se brûke.
It idee foar it ferfangen fan advertinsjes fan Brave jout in draai oan it aktuele model fan betelle advertinsjes en betelle sykresultaten. Mar nochris, guon drokke ynternetbrûkers hawwe wierskynlik net folle nocht oan it behear fan mikrobetellingen oan websites yn ruil foar harren tiid en oandacht.
Oer it algemien is Brave in flugge en feilige browser dy’t foaral oantreklik is foar brûkers fan cryptofaluta. Mar foar de grutte mearderheid fan ynternetbrûkers bliuwt Firefox in bettere en ienfâldigere oplossing.
De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) |
Brave (1.14.81)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.