Mei Windows 10 hat Microsoft de Edge-browser yntrodusearre om te konkurrearjen mei Firefox en Chrome, wêrtroch it as yn it foar ynstallearre browser op miljoenen ferkochte PC’s de standertbrowser waard. Dochs begûnen brûkers net gau mei it gebrûk dêrfan, en Microsoft kundige úteinlik plannen oan om Edge as in op Chromium basearre browser opnij te lansearjen. (Chromium is it open-sourcebrowserprojekt fan Google). Sûnt jannewaris 2020 hat it op Chromium basearre Edge fan Microsoft de eardere ferzjes fan Edge ferfongen. Hoewol Edge no boud is op Chromium fan Google, binne der inkelde unike funksjes dy’t de browser ûnderskiede fan Google Chrome.
Hjir fergelykje wy ús Firefox Browser mei it op Chromium basearre Microsoft Edge op it mêd fan privacy, brûkberheid en portabiliteit, om jo in better begryp te jaan fan hokker browser it beste by jo past op basis fan jo behoeften en foarkarren.

Befeiliging en privacy
Befeiliging en privacy | ![]() |
|
---|---|---|
Priveenavigaasjemodus | ||
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | ||
Blokkearret cryptomining-scripts | ||
Blokkearret sosjale trackers |
Edge is yntegrearre yn Windows 10 en wurdt útfierd yn in sandbox-omjouwing. Dat betsjut dat it programma’s isolearret en foarkomt dat skealike programma’s jo kompjûter bespionearje. It hat in ynboud SmartScreen dat de reputaasje neigiet fan websites dy’t jo besykje en fertochte websites blokkearret. Om jo privacy te beskermjen kinne jo yn Edge fia Windows Hello oanmelde mei biometry of in pinkoade yn stee fan mei in wachtwurd.
By Firefox binne wy grutsk dat wy de feilichheid en privacy fan ús brûkers beskermje. Us privacybeleid is helder en skreaun yn gewoane taal. Wy hawwe in protte muoite dien ús privacyferklearring dúdlik en maklik lêsber te meitsjen. Wy binne grutsk dat wy de feilichheid en privacy fan ús brûkers beskermje. Mei Ferbettere beskerming tsjin folgjen, dat no standert aktivearre is, blokkearje wy automatysk mear as 2000 trackers. Trackers binne stikjes koade dy’t oan de hân fan jo aktiviteiten op ferskate websites probearje n detaillearre byld fan jo te krijen. Dêrmei skeine se jo privacy, allinnich mar om advertinsjes better op jo ôfstimme te kinnen.
Jo Privacybeskermingen toane jo de trackers en cookies dy’t siden probearre hawwe te pleatsen, en hoefolle Firefox der foar jo blokkearre hat.
Yn Firefox wisket de modus Priveenavigaasje automatysk ynformaasje as wachtwurden, cookies en skiednis. Sa litte jo gjin spoar efter as jo de sesje ôfsluten hawwe. Edge registrearret oan de oare kant hokker websites jo besykje yn de priveemodus, dy’t yn Edge ‘InPrivate’ hjit. Jo aktiviteiten yn Edge binne sûnder in protte muoite te efterheljen, oft jo no InPrivate brûkt hawwe of net.
Beide browsers gean reedlik gelyk op as it giet om fersifering fan gegevens. Mar as jo online privacy en transparânsje wichtich fine, dan is Firefox hjir dúdlik de bettere kar.
Brûkberheid
Brûkberheid | ![]() |
|
---|---|---|
Automatysk ôfspyljen blokkearje | ||
Navigearje mei ljepblêden | ||
Blêdwizerbehearder | ||
Automatysk ynfoljen fan formulieren | ||
Sykmasine-opsjes | ||
Tekst nei spraak | ||
Lêzermodus | ||
Staveringshifker | ||
Webútwreidingen/add-ons | ||
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser |
Firefox is in snelle en iepenboarne browser. Dat betsjut dat brûkers harren sneupbelibbing op alle mooglike manieren oanpasse kinne. Ek gewoane brûkers kinne yn Firefox de brûkersynterface wizigje mei ferskate tema’s en arkbalkekonfiguraasjes. Omdat ús browser altyd iepenboarne west is, hawwe wy in grutte efterban fan dreaune ûntwikkelers dy’t in wiidweidige kolleksje add-ons en browserútwreidingen makke hawwe.
Jo kinne ferwachtsje dat Edge wat stadiger is, omdat dizze browser oerstapt is op it prosessoryntinsive Chromium-platfoarm, foaral as jo ferskate tapassingen tagelyk útfiere. Chromium hat echter wol in enoarme kolleksje útwreidingen en in brûkersynterface dy’t, oars as foarhinne, reedlik nei eigen winsk oan te passen is.
De brûkersynterface fan Edge hat in oantal handige funksjes. Ljepblêdfoarbylden meitsje it makliker in ljepblêd te finen as der in protte iepen stean. Ek kinne jo aktive ljepblêden op side sette as jo se net brûk, mar noch net slute wolle.
Firefox hat in scroljende ljepblêdynterface. Dêrmei wurde ljepblêden net ferlytse oant allinnich it favicon sichtber is, mar bliuwe de titels lêsber en kinne jo horizontaal troch jo iepene ljepblêden scrolle. As jo in nij ljepblêd iepenje, stelt ús funksje Pocket relevante artikelen en ynhâld foar. Boppedat kinne jo mei Pocket artikelen, fideo’s en oare ynhâld mei ien klik bewarje foar letter gebrûk.
Firefox en Edge hawwe beide in poerbêste lêsmodus. Yn Firefox tikke jo gewoanwei op it piktogram yn de sykbalke. De browser smyt dan alle ûnnedige eleminten fuort en toant in rêstich eagjend artikel. Yn Edge tikke jo op it boekpiktogram foar in rêstige en goed lêsbere brûkersynterface.
Firefox biedt ek in potte handige ynboude funksjes as Ferbettere beskerming tsjin folgjen, en ynboud helpmiddel om skermôfdrukken te meitsjen, ferstjoeren fan grutte bestannen en noch mear.
Firefox hat standert mear ynboude funksjes en yntegraasjes dy’t daliks by it downloaden beskikber binne. Foar beide browsers is in enoarme hoemannichte add-ons en útwreidingen beskikber. Mar Edge is hjir fanwegen it oantal yn it foardiel, omdat it kompatibel is mei it Chromium-platfoarm fan Google.
Portabiliteit
Portabiliteit | ![]() |
|
---|---|---|
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | ||
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen | ||
Syngronisearret mei mobyl | ||
Wachtwurdbehear | ||
Haadwachtwurd |
Microsoft hat mei Internet Explorer leard dat in browser op ferskate bestjoeringssystemen beskikber wêze moat. Edge is daliks beskikber foar iOS, Android, Windows, macOS en Linux.
Firefox is al jierren beskikber op iOS, Android, Windows, macOS en Linux. En lykas in je ferwachtsje fan in moderne browser, kinne jo byj Firefox oanmelde mei in fergees account en gegevens as wachtwurden, navigaasjeskiednis, blêdwizers en iepene ljepblêden syngronisearje tusken jo kompjûter, tablet en telefoan. Jo kinne ek syngronisearje tusken ferskillende bestjoeringssystemen.
Yn Edge kinne jo oanmelde by jo Microsoft-account en ûnder mear jo favoriten, skiednis en wachtwurden syngronisearje tusken jo kompjûter en iOS- of Android-apparaten.
Algemiene beoardieling
It op Chromium basearre Edge sloarpet rekkenkrêft, mar foldocht wol oan de behoeften fan in protte brûkers. De privacybeskerming yn dizze browser lit echter noch in protte te winskjen oer. Wy fine dat Firefox foar de measte minsken noch heltyd de beste browser is foar deistich gebrûk. Dit basearje wy net allinnich op funksjonaliteit, mar foaral op ús transparânsje yn hoe’t wy brûkersgegevens sammelje, wat wy presys sammelje en wat wy dermei dogge. Us memmerbedriuw Mozilla is in non-profitorganisaasje dy’t har ynset foar privacy en frijheid op ynternet. Dêrom hawwe wy as it oankomt op brûkersgegevens simpelwei oare prioriteiten.
Hoewol wy Firefox oanrekommandearje, giet it der úteinlik om hokker browser it beste past by jo behoefte oan útwreidingen, oanpasberheid, snelheid, privacy en feilichheid.
De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) |
Edge (85)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.