Set it ynternet oer mei Firefox

Set út mear as 100 talen streekrjocht yn jo Firefox Browser oer nei jo eigen taal – ienfâldiger as ea.

It ynternet is fol mei geweldige dingen, mar in protte derfan is net yn it Ingelsk skreaun – wêrtroch miljarden minsken op de wrâld in oersetter nedich hawwe om allinnich it ynternet te brûken. Jo kinne Firefox downloade yn mear as 100 talen, sadat jo browsermenu’s, notifikaasjes en berjochten yn jo foarkarstaal werjûn wurde, mar dat lost it probleem fan al dy geweldige ynhâld dy’t jo mei jo browser opsykje net op.

Firefox Translations

De Firefox Translations-útwreiding kin automatysk ynhâld fan de websiden dy’t jo besykje oersette. Oars as guon cloud basearre alternativen, fertaalt dizze útwreiding tekst lokaal yn Firefox, sadat de ynhâld dy’t jo oersette jo apparaat net ferlit.

Get Firefox Translations

To Google Translate

Google Translate wurdt, mei mear as 100 talen* beskikber, brûkt troch miljoenen minsken wrâldwiid. Mar hin en wer springe tusken translate.google.com en de side dy’t jo probearje te lêzen is gjin ideale ûnderfining. De útwreiding To Google Translate makket it oersetten fan de besochte side ienfâldiger as ea.

Gean nei Google Translate

Markearje nei ynstallaasje ienfâldichwei de tekst dy’t jo oersette wolle en klik mei de rjochtermûsknop om in menu te sjen mei twa opsjes: 1) bringt jo nei translate.google.com, wêr’t jo selektearre tekst automatysk yn it oersetfjild ynfierd is; of 2) lústerje nei de sprutsen sin (mooglik makke troch Google Text-to-Speech), dat nuttich is as jo in nije taal probearje te learen.

Fan taal wikselje yn Firefox

As jo Firefox al brûke, dan kinne jo de taal fan de browser wizigje of talen tafoegje oan de interface fan Firefox. Lês hjir hoe.

*Mei de útwreiding To Google Translate kinne jo op dit stuit dizze talen oersette:

Afrikaans, عربي, Azərbaycanca, Беларуская, Български, বাংলা, Bosanski, Català, Čeština, Cymraeg, Dansk, Deutsch, Ελληνικά, English, Esperanto, Eesti keel, Euskara, فارسی, suomi, Français, Frysk, Gàidhlig, Galego, עברית, Hrvatski, magyar, Հայերեն, Bahasa Indonesia, íslenska, Italiano, 日本語, ქართული, Қазақ, ខ្មែរ, ಕನ್ನಡ, 한국어, Lietuvių, Latviešu, Македонски, മലയാളം, मराठी, Melayu, မြန်မာဘာသာ, Norsk bokmål, नेपाली, Nederlands, Polski, Português, Română, Русский, සිංහල, slovenčina, Slovenščina, Shqip, Српски, Svenska, தமிழ், తెలుగు, ไทย, Türkçe, Українська, اُردو, Oʻzbek tili, Tiếng Việt, isiXhosa, 中文, en mear!