Firefox Browser fergelykje mei Google Chrome

Yn 2008 yntrodusearre Google Chrome. De ynfloed dêrfan as ynnovaasje yn browsertechnology wie fuortendaliks. Chrome lade websites flugger, naam minimale skermromte op en bea in ûnmiskenber ienfâldige brûkersynterface oan.

Fast-forward nei hjoed: it konkurinsjelânskip foar browsers is wizige, trochdat in protte minsken harren begjinne ôf te freegjen wat der bart mei harren online gegevens lykas sneupskiednis, wachtwurden en oare gefoelige ynformaasje. Der is in protte wizige sûnt 2008, doe’t Chrome op it toaniel ferskynde. By Firefox hawwe wy hurd wurke om ús interface opnij te ûntwerpen en brûkers in hieltyd grutter oantal privacy- en prestaasjeferbetteringen te bieden, en ek tal fan handige browserhelpmiddelen.

En hjir binne wy dan, de browseroarloggen eskalearje nochris en it is tiid om Firefox Browser opnij te beoardieljen en te fergelykjen mei Google Chrome.

Befeiliging en privacy

Befeiliging en privacy Firefox Chrome
Priveenavigaasjemodus Ja Ja
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden Ja Nee
Blokkearret cryptomining-scripts Ja Nee
Blokkearret sosjale trackers Ja Nee

By Firefox hawwe wy in grut oantal tawijde brûkers dy’t ús koersfêste tawijing oan online privacy wurdearje. De nijste ferzje fan Firefox befettet bygelyks in funksje mei de namme Ferbettere Befeiliging tsjin folgjen (FBF), dy’t standert ynskeakele is foar alle brûkers wrâldwiid. FBF blokkearret mear as 2000 trackers, wêrûnder sosjale trackers fan bedriuwen lykas Facebook, Twitter en LinkedIn. It hat ek in yntegrearre funksje neamd Firefox Monitor, dy’t jo automatysk op de hichte stelt as jo wachtwurd lekt is of bywurke wurde moat. Neist dizze befeiligingen smyt de priveenavigaasjemodus fan Firefox automatysk jo navigaasjegegevens fuort, lykas skiednis en cookies, sûnder spoaren efter te litten neidat jo jo sesje beëinige hawwe.

Wy hawwe koartlyn ek ús tawijing oan privacy en transparânsje op it mêd fan brûkersgegevens werhelle yn ús meast resinte Privacyferklearring wêryn stiet: “By Mozilla leauwe wy dat privacy fan fundaminteel belang is foar in sûn ynternet.”

Google Chrome is yn alle opsichten in feilige browser, mei funksjes lykas Google Safe Browsing, dat brûkers helpt te beskermjen troch in net te missen warskôging wer te jaan wannear’t se probearje nei gefaarlike websites te navigearjen of gefaarlike bestannen te downloaden.

Ein hawwe sawol Chrome as Firefox in strange befeiliging. Se kenne beide “sandboxing”, dat de prosessen fan de browser skiedt, sadat in skealike website oare dielen fan jo laptop of oar apparaat net ynfektearret.

Hoewol Chrome in feilige webbrowser blikt te wêzen, is de omgong mei privacy twifeleftich. Google sammelet eins in ferûntrêstend grutte hoemannichte gegevens fan harren brûkers, wêrûnder lokaasje, sykskiednis en websitebesites. Google makket harre sterk foar it sammeljen fan gegevens en seit dat it dit docht om harren tsjinsten te ferbetterjen, lykas it helpen sykjen nei in trui of coffeeshop lykas dyjinge dy’t jo earder kocht of besocht hawwe. oaren binne it der echter net mei iens en wize der op dat Google feitlik in ferskuorrende hoemannichte gegevens sammelet foar harren eigen marketingdoeleinen. Se sizze dat se jo ynformaasje privee hâlde foar hackers, mar dat docht net ter sake. Google beheart sels wrâlds grutste advertinsjenetwurk, foar in grut part tanksij gegevens dy’t se fan harren brûkers sammelje.

Uteinlik is it oan jo om te besluten wêr’t jo de line lûke moatte mei it dielen fan saken as jo syk- en winkelskiednis. Mar as jo wat op oare minsken lykje, dan hawwe jo wierskynlik socht nei guon dingen op it ynternet dat jo leaver privee hâlde wolle.

Firefox Browser downloade

Brûkberheid

Brûkberheid Firefox Chrome
Automatysk ôfspyljen blokkearje Ja Nee
Navigearje mei ljepblêden Ja Ja
Blêdwizerbehearder Ja Ja
Automatysk ynfoljen fan formulieren Ja Ja
Sykmasine-opsjes Ja Ja
Tekst nei spraak Ja Nee
Lêzermodus Ja Ja
Staveringshifker Ja Ja
Webútwreidingen/add-ons Ja Ja
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser Ja Nee

Wat funksjes oanbelanget, biede sawol Firefox as Chrome in grutte biblioteek fan útwreidingen en plug-ins, wêrby de katalogus fan Chrome folle grutter is as elke oar browser, wylst se goed yntegrearje mei oare Google-tsjinsten, lykas Gmail en Google Docs.

Hoewol net sa wiidweidich as de add-onbiblioteek fan Chrome, hat Firefox, as iepen-boarnesoftware mei in enoarm oantal aktive meiwurkers, ek in geweldich oantal nuttige útwreidingen.

Firefox hat ek in syngronisaasjefunksje om jo iepen en resinte ljepblêden, sneupskiednis en blêdwizers op al jo apparaten te besjen.

Wylst Chrome goede sier makket mei add-ons en útwreidingen hat Firefox in moaie seleksje mei ynboude funksjes, lykas it geweldich handige skermopname-ark en de lêsmodus, dy’t alles fan de side fuortsmyt, útsein de tekst fan it artikel dat jo lêze.

As jo graach talleaze ljepblêden iepenstean hawwe, is de brûkersynterface fan grut belang. Yn Firefox wurde jo ljepblêden net hieltyd lytser as jo der mear iepenje, mar kinne jo der horizontaal trochhinne scrolle. Google Chrome ferlytst iepen ljepblêden oant allinnich noch it favicon sichtber is. Dat is lestich as jo mear ljepblêden fan deselde website iepenstean hawwe: jo sjogge dan ferskillende kearen itselde favicon.

Wat oanpassing oanbelanget: ús fans sille jo fertelle dat de mooglikheid eleminten yn de brûkersynterface nei eigen idee te ferpleatsen en te rangskikken ien fan harren favorite aspekten fan Firefox is. Yn Chrome kinne jo eleminten somtiden wol ferstopje, mar ferpleatsen is selden of nea mooglik. Wy moatte echter wol opmerkje dat it yn sawol Chrome as Firefox frij ienfâldich is it úterlik en it tema fan de browser oan te passen.

Firefox Browser downloade

Portabiliteit

Portabiliteit Firefox Chrome
Beskikberheid op bestjoeringssystemen Ja Ja
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen Ja Ja
Syngronisearret mei mobyl Ja Ja
Wachtwurdbehear Ja Ja
Haadwachtwurd Ja Nee

Fanselssprekkend binne Firefox en Chrome beide beskikber op de populêrste bestjoeringssystemen foar desktop en mobyl (Windows, macOS, Linux, Android, iOS).

Yn sawol Chrome as Firefox kinne jo saken as wachtwurden, blêdwizers en iepen ljepblêden tusken al jo apparaten syngronisearje. Firefox hat echter de tafoege befeiliging fan in haadwachtwurd, dat alle bewarre oanmeldingen en wachtwurden efter in ekstra slot en skoattel bewarret. Me in Firefox-account kinne jo in iepen ljepblêd hânmjittich ferstjoere fan jo desktopkompjûter nei jo mobile apparaat en oarsom. Chrome syngronisearret ljepblêden automatysk as jo dy ynstelling keazen hawwe. Dat is handich as jo bygelyks in artikel op in oar apparaat fierder lêze wolle, mar miskien net as ferskate persoanen dy’t oanmeld binne op jo Google-account tagelyk oan it sneupen binne.

Firefox Browser downloade

Algemiene beoardieling

Wy kinne stelle dat Firefox en Chrome inoar yn portabiliteit en brûkberheid hast net ûnrinne. Chrome hat in lichte foarsprong yn brûkberheid troch de enoarme hoemannichte útwreidingen, mar as it oankomt op privacy wint Firefox: wy beskermje de online-gegevens fan ús brûkers en biede fergees yntegrearre tsjinsten as wachtwurdbehearders dy’t jo ek warskôgje as jo gegevens belutsen binne by in datalek.

Om praktyske redenen kinne jo natuerlik ek gewoan beide browsers brûke: Firefox wannear’t it oankomt op privacy en Chrome as jo noch bot ôfhinklik binne fan it ekosysteem fan Google. Mar mei it groeiende tal besykjen ús persoansgegevens te rôvjen soe Firefox op de lange termyn wel ris de beste kar wêze kinne foar wa't hecht oan online privacy.

De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) | Chrome (85)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.