Us missy: it ynternet foar elkenien iepen en tagonklik hâlde.
Us liederskip hat sûnt dei 1 it inisjatyf nommen by de bou fan in sûner ynternet. Wat as alternatyf foar saaklike oerhearsking begûn, is útgroeid ta in wrâldwide foarbyldfunksje online.
As jo de nije Firefox brûke, krije jo in razendflugge ûnderfining en stypje jo Mozilla’s missy om it ynternet foar elkenien sûn, bysûnder en gastfrij te hâlden.
Lês oer ús fyzje op it web en hoe’t wy dy fyzje neistribje wolle.
Yn Mozilla’s IRL-podcast dielt gastfrou Manoush Zomorodi wiergebeurde online ferhalen en diskusjes oer de takomst fan it web.
Mozilla pleatst minsken boppe winst yn alles wat wy sizze, bouwe en dogge. Eins sit der in non-profitstichting yn it hert fan ús ûndernimming.
Ynfo oer de Mozilla FoundationDe prinsipen dy’t wy yn 1998 skreaun hawwe, binne foar ús oant op de dei fan hjoed liedend. Yn 2018 hawwe wy hjirfoar in addendum makke om yntegraasje, privacy en feilichheid foar elkenien online klam te jaan.
Lês it manifest2000 jierliks wolkom hjitten net-meiwurkers
500 jierlikse oanwêzigen by de lêzingen yn Berlyn
800 jierliks konsumearre flessen kâld sette kofje.