Foegje tekst ta oan PDF’s mei de PDF-bewurker fan Firefox
As jo wat oan in PDF-dokumint tafoegje wolle, kinne jo dat no online dwaan mei Firefox. Iepenje de pdf yn Firefox en klik op de tekst- of tekenknop yn de rjochterboppehoek om wizigingen yn jo dokumint oan te bringen. Download it bestân om it te bewarjen mei jo wizigingen.
Folje formulieren online yn sûnder te printsjen en scannen
Wy hawwe hjir allegearre mei te meitsjen: jo moatte in formulier ynfolje dat in pdf is, mar it is net te bewurkjen. Yn it ferline wie jo iennichste opsje om it op in deade beam te printsjen, dingen mei inket ta te foegjen en it dan werom te scannen nei jo kompjûter.
Dat is ôfrûn! It iennige dat jo no hoege te dwaan, is de PDF online bewurkje mei Firefox, dizze bewarje en fan jo kompjûter ôf e-maile.
Tekst tafoegje
Iepenje de pdf yn Firefox. Klikje op de knop Tekst om in kleur en tekstgrutte te kiezen eardat jo selektearje wêr’t op it dokumint jo tekst tafoegje wolle. It is sa maklik!

Tekeningen (of jo hantekening) tafoegje
Iepenje de pdf yn Firefox. Klik op it piktogram Tekenje om in kleur, tsjokte en transparânsje te kiezen eardat jo op it dokumint tekenje kinne. It sil wierskynlik net rommeliger wêze dan jo gewoane hantekening!
