Download Firefox foar jo ûndernimming

Download de Firefox Extended Support Release of Rapid Release-browser foar wiidweidige gegevensbefeiliging en -beskerming.

Bjusterbaarlike gegevensbeskerming – op de útjeftefrekwinsje dy’t by jo past

    Jo gegevens bliuwe jo saak

    De Firefox-browser is iepen boarne en biedt Ferbettere beskerming tsjin folgjen – allegearre ûnderdiel fan ús jierrenlange ynset foar gegevensbeskerming.

    Ymplemintearje wannear’t en hoe’t jo it wolle

    Mei ynstallaasjepakketten en in breed oanbod fan groepsbelied en -funksjes is de ymplemintaasje flugger en fleksibeler as ea – en in fluitsje fan in sint yn Windows- en macOS-omjouwingen.

    Kies jo útjeftefrekwinsje

    Download flugge útjeftes om der wis fan te wêzen dat jo de nijste funksjes flugger ûntfange, of kies foar wiidweidich foar in superstabile ûnderfining.