Jo talinten binne nedich foar in better ynternet

Mozilla is in non-profitorganisaasje dy’t der oan wurket om it ynternet foar elkenien iepen en útnûgjend te meitsjen. En wy hawwe jo help nedich. Troch lid te wurden fan ús mienskip, kinne jo ynnovaasje stimulearje, ferantwurdlikheid en fertrouwen fergrutsje en it ynternet foar elkenien in better plak meitsje.

Hoe kinne jo meihelpe…

Us missy

It is ús missy om te fersekerjen dat it ynternet in globaal publike boarne is, iepen en tagonklik foar elkenien. In ynternet dat werklik minsken op it earste plak set, wêr’t elkenien harren eigen ûnderfining foarmje kin en krêftich, feilich en ûnôfhinklik binne.

Makke troch hertstochtlike minsken lykas jo

Wannear’t jo bydrage oan Mozilla, wurde jo ûnderdiel fan in wrâldwide mienskip dy’t bestiet út minsken fan oer de hiele wrâld dy’t leauwe dat wy allegearre in rol spylje om derfoar te soargjen dat ynternet in krêft ta goede bliuwt.

Wy leauwe dat gearwurking yn de mienskip wichtich is foar it meitsjen fan in ynternet dat ferskaat, ynnovatyf en ferantwurdlik is foar de minsken dy’t it it measte nedich binne. Oft jo in eftergrûn hawwe yn tech, maatskiplik aktyf binne, of gewoan in kompjûter en wat frije tiid hawwe, jo kinne ús helpe om it ynternet in better plak te meitsjen.

Help krije

Mozilla hat in tawijd team fan frijwilligers om jo te helpen mei alle problemen dy’t jo mooglik ûnderfine.

Problemen mei in webside?

As jo ûnderfining fan in webside ferskilt tusken browsers, dan hawwe jo miskien in probleem mei webkompatibiliteit ûntdutsen. Wy wolle it graach witte!