It Mozilla-manifestaddendum
Pleit foar in sûn ynternet
It iepen, wrâldwide ynternet is de meast krêftige boarne foar kommunikaasje en gearwurking dy't wy ea sjoen hawwe. It belichemt guon fan ús djipste ferwachtingen foar minsklike foarútgong. It biedt nije mooglikheden foar learen, it meitsjen fan in gefoel fan dielde humaniteit, en it oplossen fan de aktuele problemen dy't minsken oeral tsjinkomme.
In de lêste tsien jier wurde dizze belofte op ferskate manieren ferfolle. De macht fan it ynternet fersterket lykwols ek twaspjalt, liedt ta geweld, set oan ta haat en manipulearret mei opsetsin feiten en de werklikheid. Wy hawwe leart, dat wy ús doel foar it minsklike wêzen op it ynternet dúdliker gearstalle moatte. Dit dogge wy no.
- Wy stean foar in ynternet, foar alle minsken op de wrâld – wêrby de demografyske kenmerken fan in minske, gjin ynfloed hawwe op harren ynternettagong, kânsen of op de kwaliteit fan de ûnderfining.
- Wy stean foar in ynternet dat de iepen dialooch, minskweardichheid en frijheid fan mieningsutering befoarderet.
- Wy stean foar in ynternet dat kritysk tinken, saaklike diskusje, dielde kennis en ferifiearbere feiten fergrut.
- Wy stean foar in ynternet dat gearwurking mei ferskate mienskippen foar it algemiene goed befoarderet.