Syngronisearje jo Firefox op elk apparaat

Benaderje en syngronisearje jo blêdwizers, wachtwurden, iepen ljepblêden en mear – oeral wêr’t jo Firefox brûke.

Registrearje

    Privacy maklik makke

    It iennige dat jo nedich hawwe foar Firefox Sync is in Firefox Account.

    Fersiferje jo gegevens

    Jo fersiferingskaai bliuwt in geheim, allinnich bekend by jo en jo autorisearre apparaten.

    Fiel jo feilich

    Wy bewarje jo fersifere gegevens op ús servers, dus wy kinne se net lêze.

Begjin mei syngronisearjen yn fjouwer ienfâldige stappen:

  1. Iepenje it menu rjochtsboppe Firefox en selektearje ‘Oanmelde by Sync.’
  2. Klik op ‘Fan start’ yn it ljepblêd dat iepene wurdt.
  3. Fier in e-mailadres en wachtwurd yn om ‘In Firefox Account te meitsjen.’
  4. Klik op ‘Folgjende’ sadat der in ferifikaasjeberjocht nei jo e-mailadres ferstjoerd wurdt.

As jo jo e-mail kontrolearre hawwe en op de ferifikaasjekeppeling klikke, begjint Firefox automatysk op de eftergrûn te syngronisearjen.

Mear help by it behearen fan jo Firefox Account