Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Facebook. Under kontrôle. Jo oare libben bliuwt privee.

Download de útwreiding Facebook Container

Download Firefox en de útwreiding Facebook Container

De Facebook Container-útwreiding is op dit stuit allinnich beskikber foar Firefox foar desktop.

Besykje www.mozilla.org/firefox/new/ om Firefox foar desktop te downloaden.

Download no Firefox voor Android en iOS.

Opt-out nei jo betingsten

Facebook kin hast al jo webaktiviteiten folgje en mei jo Facebook-identiteit kombinearje. As dat jo te folle is, dan kin de útwreiding ‘Facebook Container’ jo identiteit yn in apart kontenerljepblêd isolearje, mei as gefolch dat Facebook jo op it web bûten Facebook net mear sa maklik folgje kin.

Ynstallearje en kontrolearje

De ynstallaasje fan de útwreiding is hiel ienfâldich en sa gau as dy aktivearre is, wurdt Facebook by gebrûk yn in blau ljepblêd iepene. Brûk en genietsje fan Facebook sa as jo gewoan binne. Facebook kin jo noch hieltyd advertinsjes en rekommandaasjes op harren website sjen litte, mar it is foar Facebook wol swierder om de bûten Facebook sammele aktiviteiten te brûken, om jo advertinsjes en oare doelfêste berjochten te stjoeren.

Oer Firefox en Mozilla

Wy wurde stipe troch Mozilla, de non-profitorganisaasje foar wa't de minsken wichtiger binne as winst en dy’t harren derfoar ynset dat elkenien op it ynternet mear ynfloed hat. Wy hawwe dizze útwreiding ûntwikkele, omdat wy fan miening binne dat elkenien syn privacy en feilichheid mei ienfâldich ark beheare moatte kin.

Browse hjoed-de-dei frij mei Firefox.