Dêrom respektearret alles wat wy meitsje en dogge ús belofte oer persoanlike gegevens

Nim minder
Wy meitsje it punt om minder oer jo te witen
Alle technologybedriuwen sammelje gegevens om harren produkten te ferbetterjen. Mar se hoege net sa folle fan jo persoanlike gegevens te befetsjen. De iennige gegevens dy’t wy wolle binne de gegevens dy’t jo úteinlik ta nut binne. Wy freegje ús ôf: hawwe wy dit echt nedich? Wêr hawwe wy it foar nedich? En wannear kinne wy it fuortsmite?

Hâld it feilich
Wat wurkje hurd om jopersoanlike gegevens te beskermjen
Gegevensbefeiliging is yngewikkeld – of dat soe it yn elk gefal wêze moatte. Dêrom nimme wy ekstra stappen om de gegevens dy’t wy hawwe te klassifisearjen, hâlde wy rigels oan foar hoe’t wy elk type bewarje en beskermje, en stopje wy nea mei it ferbetterjen fan ús prosessen. Wy jouwe jo privacy prioriteit. Wy ynvestearje deryn. Wy binne deroan tawijd. Wy leare sels oare bedriuwen hoe’t se it dwaan moatte.

Gjin geheimen
By ús witte jo altyd wêr’t jo oan ta binne
Wy hawwe gjin ferburgen aginda. Us bedriuw is net ôfhinklik fan it stikem misbrûk meitsjen fan jo fertrouwen. Us Privacyferklearring is echt lêsber. As jo jo ferdjipje wolle yn elk datapunt dat wy sammelje: ús koade is iepen. En wy ek.
-
Wêrom kinne jo Firefox fertrouwe?
Omdat wy minsken foarop stelle. Sterker noch, wy wurde stipe troch in non-profit. Fan it begjin ôf is it ús missy west om it ynternet en al har brûkers te beskermjen.
-
Jo privacy, troch it produkt
Firefox-produkten wurkje oars – omdat se ûntwurpen binne om foarearst jo privacy te beskermjen.