Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Mozilla beskermet jo privacy yn elk produkt

Firefox Browser

Mear as 2000 trackers blokkearre – automatysk

Tracking is in online epidemy wurden: bedriuwen folgje elke beweging, klik en oankeap, wêrby se gegevens sammelje om jo folgjende hanneling te foarspellen en te beynfloedzjen. Wy fine dat in grouwélige ynbreuk op jo privacy. Dêrom stiet yn de mobile en desktopbrowsers fan Firefox Ferbettere beskerming tsjin folgjen standert oan.

As jo sjen wolle wat Firefox foar jo blokkearret, besykje dan dizze side mei jo Firefox-desktopbrowser.

Besjen wat Firefox foar jo blokkearre hat

Untfang Ferbettere beskerming tsjin folgjen

Wurkje jo Firefox-browser by

  • Unsichtber foar de toptrackers

    Kom yn de kunde mei fjouwer fan de meast foarkommende kategoryen trackers – dy’t net mei jo yn de kunde komme sille.

  • Altyd yn kontrôle

    Wolle jo oanpasse wat blokkearre wurdt? Jo ynstellingen binne mar ien klik fierder.

  • Beskerming foarby folgjen

    As jo in Mozilla-account hawwe, dan kinne jo ek sjen hoe’t wy jo helpe jo persoanlike gegevens en wachtwurden te beskermjen.

Mozilla Monitor

Wannear’t jo jo e-mailadres ynfiere yn Mozilla Monitor, ferjitte wy it daliks neidat wy kontrolearre hawwe op in oerienkomst yn bekende datalekken – útsein as jo ús tastimming jaan om kontrolearje te bliuwen op nije datalekken fan jo persoanlike gegevens.

Kontrolearje op datalekken

Mozilla VPN

Sneup, stream en fier wurk út op servers yn mear as 30 lannen, foar in feilige ynternetferbining mei in nij perspektyf.

Mozilla VPN downloade

Pocket

Pocket rekommandearret heechweardige, troch minsken behearde artikelen oan sûnder jo sneupskiednis te sammeljen of jo persoanlike gegevens mei advertearders te dielen.

Pocket brûke

Jo Mozilla-account

Alle ynformaasje dy’t syngronisearre wurdt fia jo Mozilla-account – fan navigaasjeskiednis oant wachtwurden – wurdt fersifere. En jo accountwachtwurd is de iennige kaai.

Nim jo privacy en blêdwizers oeral mei hinne mei in Mozilla-account.

Fier jo e-mailadres yn om in Mozilla-account oan te meitsjen.

Troch fierder te gean, geane jo akkoard mei de Servicebetingsten en Privacyferklearring.

Lês de Privacyferklearring foar ús produkten