Firefox Browser fergelykje mei Microsoft Internet Explorer

Internet Explorer wurdt noch hieltyd meilevere mei de measte Windows-pc’s, mar Microsoft hat dúdlik leaver dat jo Edge brûke. Edge is op nije pc’s ynsteld as standertbrowser.

Microsoft hat in pear jier lyn foar Windows 10 de nije browser Edge yntrodusearre as ferfanging foar Internet Explorer. Troch it beheinde sukses fan Edge wurdt Internet Explorer echter noch altyd brûkt, foaral yn ferbân mei kompatibiliteit yn saaklike tapassingen.

Wy fergelykje hjir Firefox Browser mei Internet Explorer op de flakken feilichheid, brûkberheid en portabiliteit. Wy lizze út hoe’t in moderne browser as Firefox, dy’t harren hâldt oan webstanderts, ferskilt fan de browser dy’t jo miskien brûke op kantoar of út gewoante.

Befeiliging en privacy

Befeiliging en privacy Firefox Internet Explorer
Priveenavigaasjemodus Ja Ja
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden Ja Ja
Blokkearret cryptomining-scripts Ja Nee
Blokkearret sosjale trackers Ja Nee

As jo Internet Explorer noch net farwol sein hawwe, dan soe allinnich al it feilichheidsrisiko reden genôch wêze moatte. Microsofts eigen haad fan befeiliging hat warskôge dat de miljoenen minsken dy’t Internet Explorer brûken bliuwe harsels yn ‘gefaar’ bringe.

Microsoft stipet gjin nije ûntwikkelingen mear foar Internet Explorer. Dêrtroch binne feilichheidsproblemen oan de oarder fan de dei. Microsoft jout iepenlik ta dat elke ferzje fan Internet Explorer kwetsber is.

Dus wat is de oplossing as jo bedriuw ferâldere apps brûkt dy’t allinnich yn Internet Explorer wurkje? Us bêste advys is om saken net mei wille te kombinearjen. Wy riede it gebrûk fan de Legacy Browser Support-útwreiding foar Windows oan. Mei dizze útwreiding kinne brûkers in yn it foar definiearre set fan URL’s yn Internet Explorer iepenje en by it navigearjen nei in oar domein weromskeakelje nei Firefox.

Firefox Browser downloade

Brûkberheid

Brûkberheid Firefox Internet Explorer
Automatysk ôfspyljen blokkearje Ja Nee
Navigearje mei ljepblêden Ja Ja
Blêdwizerbehearder Ja Ja
Automatysk ynfoljen fan formulieren Ja Ja
Sykmasine-opsjes Ja Ja
Tekst nei spraak Ja Ja
Lêzermodus Ja Ja
Staveringshifker Ja Ja
Webútwreidingen/add-ons Ja Ja
Helpmiddel foar skermôfdrukken yn de browser Ja Nee

Alarmearjend genôch kaam sels yn 2019 noch 4 oant 5% fan al it ynternetferkear op in desktop-pc noch hieltyd fia Internet Explorer. Dat liket miskien net folle, mar yn werklikheid betsjut it dat miljoenen minsken in slimme ynternetûnderfining krije, mei trage laad- en werjeftetiden, siden dy’t slim werjûn wurde – allegearre boppe-op de befeiligingsproblemen dy’t hjirboppe beskreaun stean.

De iennige reden om Internet Explorer noch te brûken is foar ûntwikkelers om te testen hoe’t harren websites derút sjogge yn in âldere browser, of as in bedriuw bedriuwskrityske apps brûkt dy’t allinnich mei Internet Explorer wurkje.

Oan de oare kant fan i spektrum is Firefox ien fan de meast bywurke browsers en wurdt it levere mei in protte nuttige en ynteressante funksjes, lykas Pocket, dat hieltyd wannear’t jo in nij ljepblêd iepenje ynteressante ynhâld foarstelt. Us yntegrearre syk- en adresbalke, of sa as wy dy neame de Quantum-balke, jout jo ek suggestjes op basis fan jo besteande blêdwizers, skiednis, iepen ljepblêden en populêre sykopdrachten. En mei in fergees Firefox-account krije jo ek op elk apparaat tagong ta al jo ynstellingen en ús oare Firefox-produkten troch ienfâldichwei oan te melden. Plus de wissigens dat jo browser pro-aktyf dwaande is om jo persoanlike gegevens te beskermjen.

Firefox Browser downloade

Portabiliteit

Portabiliteit Firefox Internet Explorer
Beskikberheid op bestjoeringssystemen Ja Nee
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen Ja Nee
Syngronisearret mei mobyl Ja Nee
Wachtwurdbehear Ja Ja
Haadwachtwurd Ja Nee

Omdat Microsoft Internet Explorer útfasearje sil, wurdt gjin inkelde ferzje fan iOS mear stipe en is it nea foar Android beskikber west. Dit betsjut dat jo, útsein jo in laptop of desktop-pc mei Windows brûke, gjin tagong hawwe ta jo blêdwizers, navigaasjeskiednis, bewarre wachtwurden of oare gegevens dy’t moderne browsers tusken apparaten syngronisearje.

Firefox wurket op elk platfoarm, wêrûnder Windows, macOS, Linux, Android en iOS. Dit betsjut ek dat jo al jo gegevens op ferskate platfoarms syngronisearje kinne. As jo dus op in Windows-laptop oan it surfen binne, kinne jo fierder gean dêr’t jo bleaun wiene wannear’t jo fierder gean op jo iPhone of Android-apparaat. Dit gemak soe standert wêze moatte by elke moderne webbrowser en ûntbrekt by Internet Explorer.

Firefox Browser downloade

Algemiene beoardieling

Noch net sa lang lyn wie Internet Explorer de populêrste en meast brûkte browser yn 'e wrâld. De tiden binne wizige, krekt as de technology, mar spitigernôch is Internet Explorer frijwst itselde bleaun. Microsoft freget sels brûkers om te stopjen mei it gebrûk fan Internet Explorer en oer te stappen nei harren nijere Edge-browser op basis fan Chromium.

Wy fine dat jo kieze moatte foar in fertroude priveebrowser mei in reputaasje in geweldige ûnderfining op ferskate apparaten te leverjen. Neist inoar set is der eins gjin fergelyk. Firefox is maklik de winner yn alle beoardiele kategoryen. Dus as jo by beppe thús Internet Explorer opstarte moatte, dan wolle jo miskien beppe in plezier dwaan en Firefox foar har downloade.

De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (81) | Internet Explorer (11)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.