FAQ’s
Wat is it restitúsjebelied fan Mozilla VPN?
As jo jo foar it earst abonnearje op Mozilla VPN fia de website fan Mozilla, en as jo jo account binnen de earste 30 dagen annulearje, kinne jo om restitúsje freegje en betellet Mozilla jo earste abonnemintsperioade werom.
As jo jo abonnemint kocht hawwe fia in yn-app-oankeap yn de Apple App Store of de Google Play Store, is jo betelling ûnderwurpen oan de betingsten fan de Store. Jo moatte alle fragen oer fakturearring en werombetelje foar sokke oankeapen rjochtsje oan Apple of Google, al wat fan tapassing is.
Hokker ynformaasje bewarret Mozilla VPN?
Wy hâlde ús strikt oan de Gegevensprivacyprinsipen fan Mozilla. Wy sammelje allinnich de gegevens dy’t nedich binne om Mozilla VPN operasjoneel te hâlden en om it produkt meidertiid te ferbetterjen. Wy folgje ek kampanje- en trochferwizingsgegevens op ús mobile app, om Mozilla te helpen begripen hoe effektyf ús marketingkampanjes binne. Mear ynfo yn ús Privacyferklearring.
Hoe behear ik myn abonnemint en wizigje ik het?
As jo al abonnearre binne op Mozilla VPN, dan kinne jo op elk winske momint jo soarte fan abonnemint wizigje of jo abonnemint beheare.