-
Gjin ferrassingen
Ynformaasje brûke en diele op in manier dy’t transparant is en de brûker foardielen biedt.
-
Brûkerskontrole
Produkten ûntwikkelje en pleitsje foar de bêste praktiken dy’t brûkers kontrôle jouwe oer harren gegevens en online belibben.
-
Beheinde gegevens
Sammelje wat wy nedich hawwe, de-identifisearje wêr wy kinne en fuortsmite as it net mear nedich is.
-
Ferstannige ynstellingen
Untwerpe foar in trochtochte balâns fan feilichheid en brûkersûnderfining.
-
Deugdlike ferdigening
Mearlaachse befeiligingsmaatregelen en -praktiken behâlde, wêrfan der in protte iepenbier te ferifiearjen binne.
Prinsipen fan gegevensprivacy
De folgjende fiif prinsipen komme fuort út it Mozilla-manifest en sizze hoe’t wy:
- ús produkten en services ûntwikkelje
- mei sammele brûkersgegevens omgean
- partners selektearje en dêrmei wurkje
- ús publike belied en belangebehertiging foarmjaan