Mozilla VPN

Funksjes dy’t jo libben online beskermje

Handich

  • Mear as 500 servers yn mear as 30 lannen

    Besjoch ús list mei servers.

  • Ferbyn maksimaal 5 apparaten

    Stipe op de bestjoeringssystemen Windows, macOS, Android, iOS en Linux.

  • Gjin bânbreedtebeheiningen of throttling

    Wêrûnder gjin datalimyt of snelheidslimyt.

  • Hege netwurksnelheden, sels wylst it gamen

    Mozilla VPN brûkt Wireguard™, ien fan de best prestearjende VPN-protokollen.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Feilich

  • Foarkom dat advertearders harren op jo rjochtsje

    Mozilla VPN helpt jo advertinsjes en advertinsjetrackers automatysk te blokkearjen, sadat se jo online aktiviteit net sjen kinne.

  • Fersiferje al jo ynternetferkear

    Mozilla VPN beskermet alle apps op jo apparaat, net allinnich jo browser.

  • Sterker beskerming tsjin malware

    Mozilla VPN foarkomt dat jo malware fan bekende ûnfeilige boarnen downloade.

  • Superpriveemodus: ferkear troch twa lokaasjes liede

    Us multi-hop-funksje jout jo in ekstra befeiligingsboost.

  • Stipe foar oanpaste DNS

    Mei Mozilla VPN kinne jo jo ferkear beskermje en jo DNS-fersiken dochs fia de rûte fan jo foarkar liede. Mear ynfo oer stipe foar oanpaste DNS.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Fleksibel

Personalisearre oanrekommandaasjes foar serverlokaasjes

Wy sille foarstelle hokker servers by jo yn de buert soargje foar de rapste, meast betroubere ynternetferbining.

Personalisearje hokker apps VPN-beskerming krije

Slút apps maklik út fan VPN-beskerming – it is net nedich om jo apparaat los te keppeljen fan Mozilla VPN. Beskikber yn Windows-, Android- en Linux-apparaten.

Stel ferskate lokaasjes foar elk ljepblêd yn Firefox yn

Kombinearje Mozilla VPN mei de Firefox-útwreiding Multi-Account Containers en set ferskate VPN-lokaasjes yn per Firefox-ljepblêd. Mear ynfo.

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Betrouber

  • 30-dagen-jildweromgarânsje

    Plus 24/7 klantstipe.

  • Wy logge, folgje of diele jo netwurkgegevens nea

    Simpelwei, wy sammelje gjin persoanlike navigaasjegegevens. Dit is ús maklik te lêzen privacybelied.

  • Transparant boud yn iepen boarne

    Mozilla VPN is makke mei iepenboarnekoade, wat betsjut dat alle koade iepenbier tagonklik is. Sjoch ús GitHub repository.

  • Beoardiele troch eksterne befeiligingseksperts

    Wy binne audit troch Cure53, in liedend auditburo foar cyberbefeiliging. Sjoch it rapport hjir.

  • Minsken boppe winst

    Wy wurde stipe troch de Mozilla Foundation, in non-profitorganisaasje dy’t striid om it web foar alle minsken iepen en sûn te hâlden.