Firefox-FAQ

Oft jo no nei in flugge browser socht hawwe, oft jo op syk binne nei in ûnôfhinklik technologybedriuw dy't jo privacy beskermet, dizze faakstelde fragen binne der om jo meast prangjende fragen oer Firefox te beäntwurdzjen.

  • Wat is Firefox?

    De Firefox Browser is de iennige grutte browser dy't stipe wurdt troch in bedriuw sûnder winsteachmerk, dat jo persoanlike gegevens net ferkeapet oan advertearders en tagelyk helpt jo persoanlike gegevens te beskermjen. Lês mear oer de Firefox-browsers en oare produkten.

  • Hoe krij ik de Firefox Browser?

    Jo kinne de Firefox-desktopbrowser ienfâldich hjir downloade. Firefox wurket op Windows-, Mac- en LinuxLinux-apparaten en is ek beskikber foar Android en iOS. Soargj derfoar dat jo ús browser downloade fan ien fan ús fertroude Mozilla-/Firefox-siden.

  • Is Firefox fergees?

    Ja! De Firefox Browser is fergees. Superfergees, eins. Gjin ferburgen kosten, neat. Jo betelje neat foar it gebrûk, en wy ferkeapje jo persoansgegevens net.

    Besibbe fragen: is Firefox Browser fergees, kostet Firefox jild
  • Is Chrome better as Firefox?

    Nee, wy tinke net dat Chrome better is as Firefox, en wol om dizze reden: as minsken freegje hokker browser better is, freegje se eins hokker browser flugger en feiliger is. Firefox wurdt moanliks bywurke, om derfoar te soargjen dat jo de fluchste browser hawwe dy't automatysk jo privacy respektearret.

    Besjoch hoe't Firefox him ferhâldt ta Chrome.

    Besibbe fragen: is Firefox better as Chrome, is Firefox better as Google, is Firefox feiliger as Chrome, is Firefox mear privee as Chrome
  • Is Firefox feilich om te downloaden?

    Beskerming fan jo privacy is ús heechste prioriteit, en wy soargje dat it ynstallearjen fan Firefox op jo apparaat folslein feilich is – mar soargje der altyd foar dat jo downloade fan in fertroude Mozilla-/Firefox-website, lykas ús downloadside.

  • Is Firefox feilich?

    Firefox is net allinnich feilich yn gebrûk, it helpt ek jo gegevens en priveegegevens feilich te hâlden. De Firefox Browser blokkearret automatysk bekende trackers fan tredden, sosjale-mediatrackers, cryptominers en fingerprinters, sadat dizze jo gegevens net sammelje kinne. Mear ynfo oer de privacy yn ús produkten.

    Besibbe fragen: is Firefox goed foar privacy, is Firefox befeilige, is Firefox better foar privacy
  • Ferkeapet Firefox persoanlike gegevens?

    Nee. Nea dien, en sille wy ek nea dwaan. En wy beskermje jo tsjin in protte fan de advertearders dy't dat wol dogge. Firefox-produkten binne ûntwurpen om jo privacy te beskermjen. Dat sizze wy ta.

  • Wêrom is Firefox sa stadich?

    Firefox is net stadich… no. Yn 2017 hawwe wy ús browserengine folslein opnij boud (mei de namme Quantum), om derfoar te soargjen dat Firefox de striid oangean kin mei oare grutte browsers. En ús trackerblokkearring helpt siden noch flugger te laden. Firefox is dus tige rap, sûnder jo privacy op te offerjen.

  • Is Firefox basearre op Chromium?

    Firefox is net basearre op Chromium (it opensource-browserprojekt dat de kearn is fan Google Chrome). Eins binne wy ien fan de lêste browsers dy't dat net binne. Firefox draait op ús Quantum-browserengine, spesjaal boud foar Firefox, sadat wy derfoar soargje kinne dat jo gegevens mei respekt behannele wurde en privee bliuwe.

  • Brûkt Firefox Google?

    Google is de standertsykmasine yn Firefox, wat betsjut dat jo it web streekrjocht fan de adresbalke út trochsykje kinne. Mear ynfo oer sykmasinefoarkarren en it wizigjen fan de standertynstellingen.

  • Hat Firefox in ynboude VPN?

    Firefox hat gjin ynboude VPN (virtual private network), mar der binne twa produkten dy't makke binne troch Mozilla/Firefox dy't jo brûke kinne yn oanfolling op de privee Firefox Browser, dy't de ferbining fan jo browser (Firefox Private Network) of jo apparaat (Mozilla VPN) op wifi beskermje, krekt as jo IP-adres.

    Besibbe fragen: ferstoppet Firefox jo IP-adres
  • Wa is de eigener fan Firefox?

    Firefox wurdt makke troch Mozilla Corporation, in folsleine dochter fan de maatskippij sûnder winsteachmerk Mozilla Foundation, en wurdt lieden troch de prinsipen fan it Mozilla Manifesto. Mear ynfo oer de makker fan Firefox hjir.

    Besibbe fragen: wa besit Firefox, wa besit Firefox Browser, is Firefox fan Google, is Mozilla Firefox fan Google