De skiednis fan webbrowsers

De wrâldskiednis is fol epyske machtsstriid, tirannen dy’t de wrâld feroverje, en heldhaftige underdogs. De skiednis fan webbrowsers is net hiel oars. Universitêre pioniers skreau ienfâldige software dy’t in ynformaasjerevolúsje en striid foar superioriteit fan browsers en ynternetbrûkers feroarsaakje.

Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Foar it ynternettiidrek

Yn 1950 nommen kompjûters hiele keamers yn en wiene se dommer as de rekenmasinen fan hjoed. Mar foarútgong gie rap, en tsjin 1960 koene se komplekse programma's útfiere. Regearingen en universiteiten fan oer de hiele wrâld tochten dat it geweldich wêze soe as de masinen koene prate en sa gearwurking en wittenskiplike trochbraken befoarderje koene.

ARPANET wie it earste suksesfolle netwurkprojekt en yn 1969 waard it earste berjocht ferstjoerd fan it laboratoarium foar kompjûterwittenskippen oan de Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) nei it Stanford Research Institute ( SRI), ek yn Kalifornje.

Dat soarge foar in revolúsje yn kompjûternetwurken. Nije netwurken waarden foarme en ferbûnen universiteiten en ûndersykssintra fan oer de hiele wrâld. Mar de kommende 20 jier wie it ynternet net tagonklik foar it publyk. It waard beheind ta ûndersikers fan universiteiten en oerheden, studinten en partikuliere bedriuwen. Der wiene tsientallen programma's dy’t ynformaasje útwikselje koene fia telefoanlinen, mar gjinien wie maklik te brûken. It echte iepen ynternet, en de earste webbrowser, waard pas yn 1990 makke.

Ynternettiidrek

De Britske kompjûterwittenskipper Tim Berners-Lee makke de earste webserver en grafyske webbrowser yn 1990, wylst hy wurke by CERN, de Europeeske Organisaasje foar Nukleêr ûndersyk, yn Switserlân. Hy neamde syn nije finster op it ynternet ‘WorldWideWeb.’ It wie in maklik te brûken grafyske interface makke foar de NeXT-kompjûter. Foar it earst waarden tekstdokuminten mei-inoar keppele fia in iepenbier netwurk – it ynternet sa't wy dat kenne.

In jier letter frege Berners-Lee oan CERN-wiskundestudint Nicola Pellow om de Line Mode Browser te skriuwen, in programma foar basale kompjûterterminals.

Tsjin 1993 eksplodearre it ynternet. Universiteiten, oerheden en partikuliere bedriuwen seagen allegearre kânsen yn it iepen ynternet. Elkenien hie nije kompjûterprogramma's nedich om tagong te krijen. Dat jier waard Mosaic makke yn it National Center for Supercomputing Applications (NCSA) oan de Universiteit fan Illinois Urbana-Champaign troch kompjûterwittenskipper Marc Andreessen. It wie de alderearste populêre webbrowser en de iere foarfaar fan Mozilla Firefox.

NCSA Mosaic draaide op Windows-kompjûters , wie maklik te brûken en joech elkenien mei in pc tagong ta iere websiden, petearkeamers en ôfbyldingsbiblioteken. It oare jier (1994) rjochte Andreessen Netscape op en joech Netscape Navigator út oan it publyk. It wie hiel suksesfol, en de earste browser foar de minsken. It wie ek de earste stap yn in nij soarte oarloch foar ynternetbrûkers.

De browseroarlogen

Tsjin 1995 wie Netscape Navigator net de iennige manier om online te gean. Kompjûtersoftwaregigant Microsoft lisinsjearre de âlde Mosaic-koade en boude syn eigen finster nei it ynternet, Internet Explorer. De útjefte laad ta in oarloch. Netscape en Microsoft wurken koartsich om nije ferzjes fan harren programma’s te meitsjen en probearren elk de oaer te oertreffen mei fluggere, bettere produkten.

Netscape hat JavaScript makke en útbrocht, wêrtroch websites krêftige rekkenmooglikheden krigen dy’t se nea earder hiene. (Se makken ek de ferneamde <blink>-tag.) Microsoft reagearre mei Cascading Style Sheets (CSS), dat de standert waard foar it ûntwerp fan websiden.

It rûn in bytsje út de hân yn 1997 doe’t Microsoft Internet Explorer 4.0 útbrocht. It team boude in gigantyske letter ‘e’ en pleatste dizze stikem yn de foartún fan it haadkantoar fan Netscape. It Netscape-team hat de gigantyske ‘e’ daliks omsmiten en pleatste harren eigen Mozilla-dinosaurusmaskotte dêrop.

Doe begûn Microsoft Internet Explorer te skypjen mei harren bestjoeringssysteem Windows. Binnen 4 jier hie it 75% fan de merke yn hannen en yn 1999 hie it 99% fan de merke yn hannen. It bedriuw krige te meitsjen mei antitrustsaken mei betrekking ta dizze set, en Netscape hie besluten harren koadebase opensource te meitsjen en makke de non-profit Mozilla, dat yn 2002 Firefox makke en útbrocht. Harren realisearjend dat it hawwen fan in browsermonopoalje net yn it bêste belang fan brûkers en it iepen web wie, is Firefox makke om webbrûkers karmooglikheden te bieden. Tsjin 2010 hiene Mozilla Firefox en oare browsers it marktoandiel fan Internet Explorer werombrocht nei 50%.

Oare konkurrinten kamen op yn de lette jierren ’90 en betide jierren 2000, wêrûnder Opera, Safari en Google Chrome. Microsoft Edge hat Internet Explorer ferfongen mei de útjefte fan Windows 10 yn 2015.

Hjoed op ynternet sneupe

Tsjinwurdich is der mar in hânfol manieren om tagong te krijen ta ynternet. Firefox, Google Chrome, Microsoft Edge, Safari en Opera binne de wichtichste konkurrinten. Mobile apparaten binne yn it ôfrûne desennium opkommen as de foarkarswize foar tagong ta it ynternet. Tsjinwurdich brûke de measte ynternetbrûkers allinnich mobile browsers en apps om online te gean. Der binne mobile ferzjes fan de wichtichste browsers beskikber foar iOS- en Android-apparaten. Hoewol dizze apps hiel handich binne foar spesifike doelen, biede se mar beheinde tagong ta it ynternet.

Yn de takomst sil it web wierskynlik fierder fan harren hypertekstwoartels ôfdwale en in enoarm oanbod fan ynteraktive ûnderfiningen wurde. Virtual reality is al tsientallen jierren in opkommende technology (yn elk gefal sûnt de útjefte fan Lawnmower Man yn 1992 en de Nintendo Virtual Boy yn 1995), mar it ynternet kin it einlik nei de massa bringe. Firefox biedt no stipe foar WebVR en A-Frame, wêrmei ûntwikkelers fluch en ienfâldich virtual reality-websites bouwe kinne. De measte moderne mobile apparaten stypje WebVR en kinne mei ienfâldige kartonnen doaskes maklik brûkt wurde as headsets. In 3D virtual reality-web lykas dat troch sciencefictionauteur Neal Stephenson foarsteld waard, leit miskien om de hoek. As dat it gefal is, kin de webbrowser sels folslein ferdwine en in echt finster nei ien oare wrâld wurde.

Wat de takomst fan it web ek yn petto hat, Mozilla en Firefox sille der wêze foar brûkers, sadat se oer krêftige helpmiddelen beskikke om it ynternet en alles wat it te bieden hat te ûnderfinen. It ynternet is foar elkenien, en elkenien soe fet hawwe moatte op syn of har online ûnderfining. Dêrom jouwe wy Firefox helpmiddelen om de privacy fan brûkers te beskermjen en ferkeapje wy nea brûkersgegevens oan advertearders.

Boarnen

Nim de kontrôle oer jo browser.

Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring