64-bits

In feiliger Firefox.

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Brûkers fan 64-bits Windows dy’t Firefox downloade, kinne standert ús 64-bits-ferzje krije. Dat betsjut dat jo in feiligere ferzje fan Firefox krije, in ferzje dy’t ek in protte minder ferûngelokket. Hoefolle minder? Yn ús tests oant no ta hat 64-bits Firefox ûngelokken mei 39% fermindere op kompjûters mei 4 GB RAM of mear.


Wat is it ferskil tusken 32-bits en 64-bits?

Dit is it wichtichste om te witten: 64-bits tapassingen hawwe tagong ta mear ûnthâld en ferûngelokje minder gau as 32-bits tapassingen. Mei de sprong fan 32- nei 64-bits wurket ek in befeiligingsfunksje neamd Address Space Layout Randomization (ASLR) better om jo te beskermjen tsjin oanfallers. Linux- en macOS-brûkers, meitsje jo gjin soargen, jo genietsje al fan in Firefox dy’t optimalisearre is foar 64-bits.

Hoe downloade jo 64-bits Firefox?

As jo 64-bits Windows brûke, (hjir kinne jo dit kontrolearje), is jo Firefox mooglik al 64-bits. Kontrolearje jo Firefox-ferzje (yn it finster ‘Oer Firefox’) en sykje nei ‘(32-bits)’ of ‘(64-bits)’ nei it ferzjenûmer:

  • As jo ‘(32-bits)’ sjogge en jo brûke Firefox 56.0 of âlder, dan soe bywurkjen nei de nijste ferzje fan Firefox jo automatysk fernije moatte nei 64-bits.
  • As jo ‘(32-bits)’ sjogge en Firefox 56.0.1 of nijer brûke, dan foldocht jo kompjûter mooglik net oan de minimale ûnthâldeasken foar 64-bits (3 GB RAM of mear). Jo kinne 64-bits Firefox as jo dat wolle noch hieltiten hânmjittich ynstallearje.
As jo 32-bits Firefox útfiere moatte of 64-bits Firefox hânmjittich ynstallearje moatte, dan kinne jo ienfâldich it Windows (32-bits of 64-bits) Firefox-ynstallaasjeprogramma downloade en opnij útfiere fanút de Firefox-downloadside foar platfoarms en talen.

Nim de kontrôle oer jo browser.

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.