Download Firefox Browser foar Chromebook

Jo hawwe dus in Chromebook – no wurdt it tiid om de ûnôfhinklike Firefox Browser te downloaden, dy’t automatysk privee is om jo persoanlike gegevens te beskermjen.

Wêrom Firefox foar Chromebook downloade?

Hoewol in Chromebook al mei Chrome levere wurdt, biedt it downloaden en brûken fan Firefox as jo standertbrowser jo de folgjende foardielen:

  • Altyd aktive beskerming tsjin folgjen: standert fiert Firefox Ferbettere beskerming tsjin folgjen (FBF) út, om jo persoanlike gegevens te beskermjen tsjin bekende advertinsjetrackers, sosjale trackers en cryptoming-scripts dy’t jo op it ynternet folgje.
  • Stipe fan ûnôfhinklike technology: omdat de measte grutte browsers tsjintwurdich draaie op Chromium, binne der minder opsjes dy’t net yn de Big Tech-masine terjochte komme. Firefox wurdt stipe troch in bedriuw sûnder winsteachmerk en is tawijd oan it reparearjen fan it ynternet. As jo Firefox brûke, meitsje jo dêr diel fan út.

Is it swier om Firefox foar Chromebook te ynstallearjen?

Wy soene wolle dat it ienfâldiger wie, mar jo Chromebook wol jo graach yn it ekosysteem fan Google Play hâlde. Wy tinke echter dat it de muoite wurdich is om de Firefox-browser op jo Chromebook te ynstallearjen – en wy hawwe helpboarnen om jo te helpen as jo dêr behoefte oan hawwe. Der binne twa manieren om Firefox op jo apparaat te downloaden.

Ynstallearje Firefox út de Google Play Store: op nijere ferzjes fan Chrome OS (x86-basearre Chromebook op Chrome OS 80 of heger) hawwe jo de opsje om de app Firefox foar Android te ynstallearjen. Dizze app is ûntwikkele foar mobile apparaten.

Download fia Google Play

Ynstallearje Firefox as in Linux-app: dizze rûte freget wat mear stappen, mar dy binne it wurdich. As jo de Firefox-browser as in Linux-app ynstallearje, ûntfange jo de Firefox-desktopbrowser en alle foardielen dy’t dizze hat, wêrûnder Ferbettere beskerming tsjin folgjen, in ynboude wachtwurdbehearder, tagong ta tûzenen add-ons (wêrûnder de UBlock Origin-advertinsjeblokkearder) en tema’s om it uterlik fan jo browser oan te passen. Mear ynfo oer it ynstallearjen fan de Firefox-desktopbrowser foar Chromebook.