Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Mozilla VPN

Wat is in IP-adres?

Mozilla beäntwurdet al jo fragen oer IP-adressen, fan wat in IP-adres is, oant hoe’t it wurket en oft jo it ferbergje moatte.

Elke kear dat jo op it ynternet sneupe, spylje IP-adressen in essinsjele rol yn de gegevensútwikseling om jo te helpen de websites te sjen dy’t jo opfreegje. Dochs is der in kâns dat jo net witte wat it is, dêrom hawwe wy de meast stelde fragen hjirûnder opsplitst.

Wat is in IP-adres?

Jo IP -adres is in unike identifikaasjekoade, lykas in postadres, dy’t keppele is oan jo online aktiviteit. Elke kear dat jo it ynternet brûke (online winkelje, e-mails ferstjoere, tv streame), freegje jo tagong ta in spesifike online bestimming, en yn ruil wurdt ynformaasje nei jo weromstjoerd. Hoe wurket dat? No, it IP stiet foar Internet Protocol, dat de noarms en regels (ja, oars bekend as it protokol) befettet foar it rûtearjen fan gegevens en it ferbinen mei it ynternet. Dit protokol is in set regels dy’t elke partij folgje moat om in bidireksjonele stream fan gegevens mooglik te meitsjen.

In foarbyld fan in IP-adres dat bestiet út in rige fan fjouwer sifers, skieden troch desimalen: 123.45.67.89
As jo jo IP-adres opsykje, sil it der ûngefear sa útsjen.

Reizget it mei jo mei?

Nee. Jo IP-adres is mar mei ien lokaasje keppele, útsein as jo in VPN brûke (dêr sille wy letter mear op yngean). As jo by jo thús binne en ferbine mei it ynternet wêr’t jo foar betelje, brûke jo ien. As jo lykwols jo e-mail thús moarns kontrolearje, dan it nijs scanne by in pleatslike kafee wylst jo op jo kofje wachtsje, en dan fan in kantoar út wurkje, sille jo op elke lokaasje ferskate IP-adressen brûkt hawwe.

Wiziget jo IP-adres?

Ja. Sels as jo allinnich it ynternet thús brûke, kin it IP-adres foar jo hûs wizigje. Jo kinne kontakt opnimme mei jo ynternetprovider (ISP) om it te wizigjen, mar sels sawat as it opnij starten fan jo modem of router fanwegen problemen mei de ynternetferbining kin resultearje yn in wiziging.

Kinne mear apparaten itselde IP-adres hawwe?

Dit is in bytsje lestige fraach – it antwurd is sawol ja as nee. Mear as ien apparaat kin itselde eksterne (iepenbiere) IP-adres diele, mar elk apparaat sil in eigen lokaal (privee) IP-adres hawwe. Bygelyks, jo ISP (ynternetprovider) set jo hûs op mei ien ekstern IP-adres. Omdat it jo router is wat eins oanslút op it ynternet, wurdt it IP-adres tawiisd oan jo router. Jo router wiist dan in lokaal IP-adres ta oan elk apparaat dat tagelyk ferbûn is mei it ynternet. It eksterne IP-adres is wat dield wurdt mei de bûtenwrâld. Jo lokale IP-adres wurdt net dield bûten jo privee-thúsnetwurk.

Kinne se opreitsje?

Doe’t it ynternet foar it earst ûntwurpen waard, brûkte it ‘ferzje 4’-adressen. Dizze binne 32 bits, wat betsjut dat wy oant 4.2 miljard adressen hawwe kinne. Dit like doetiids genôch, mar is net genôch yn in wrâld wêryn de gemiddelde Amerikaanske húshâlding 11 oansletten apparaten hie.

Wy hawwe no ferzje 6 IP-adressen, dy’t 128 bits per adres hawwe. Spitigernôch kinne ferzje 4 en ferzje 6 net direkt mei inoar prate, dus minsken sille ferzje 4-adressen lang nedich hawwe.

Moatte jo jo IP-adres ferbergje?

Jo hoege jo IP-adres net te ferbergjen, mar der binne mominten wêrop jo dit miskien wolle. De meast foarkommende reden is privacy. Yn de F.S. hat it Kongres de privacyregeljouwing ta beskerming fan de privacy fan breedbânbrûkers negearre. Ynternetserviceproviders kinne sjen wat jo sneupgedrach is, wêrfoar jo ynternet brûke en hoe lang jo op elke side trochbringe. Dizze kommunikaasje is net fersifere, sadat tredden sjen kinne hokker website jo besykje. In manier om dit te bestriden is DNS-oer-HTTPS (DoH). Dit fersiferet DNS-ferkear (Domain Name System), wêrtroch it swierder wurdt foar ISP’s om de websites te sjen dy’t jo probearje te besykjen. Foar Amerikaanske Firefox-brûkers wurde jo DoH-sykopdrachten standert trochstjoerd nei fertroude DNS-servers, wêrtroch it swierder wurdt om jo te assosjearjen mei de websites dy’t jo probearje te besykjen.

Der binne ek situasjonele redenen om jo IP-adres te ferbergjen. Miskien wolle jo it wylst it reizgjen ferbergje. In VPN jout jo ek mear privacy wannear’t jo ferbining meitsje mei wifi om te streamen en te winkeljen wylst jo de wrâld ferkenne.

Hoe ferbergje jo it?

In VPN is in manier om jo IP-adres te ferbergjen. As jo in VPN brûke, komt jo eksterne IP-adres fan it eksterne IP-adres fan de VPN-server, yn stee fan it eksterne IP-adres fan jo lokaasje. Dus as jo ferbinende VPN-server him yn Kalifornië befynt, sjocht jo eksterne IP derút as oft it ferbûn is fan Kalifornië út, likefolle wêr’t jo jo echt befine. Boppedat wurdt jo online aktiviteit fia in fersifere, befeilige ferbining mei jo VPN-server ferstjoerd, wêrtroch jo ekstra feilichheid en privacy krije. Mozilla VPN is in manier om jo IP-adres te ferbergjen. Wy hâlde gjin aktiviteitenlochboeken by en wurkje net tegearre mei tredden dy’t profilen opbouwe fan wat jo online dogge. Wy biede folsleine apparaatbeskerming foar maksimaal fiif apparaten mei servers yn mear as 30 lannen, wêrmei't jo oeral mei elk plak ferbining meitsje kinne.

Mozilla VPN

Mozilla VPN downloade