Fêstsette browserljepblêden

Troch in ljepblêd yn Firefox fêst te setten kinne jo jo favorite websites altyd iepen hâlde en mar ien klik fuort. Se sille automatysk iepenje as jo Firefox begjinne. Wy hawwe se benammen nuttich fûn om dingen lykas e-mail- en agindawebsites altyd by de hân te hâlden.

Se binne lyts, en jo kinne se net by fersin slute, omdat se gjin slútknop hawwe. Yn stee dêrfan moatte jo se losmeitsje.

Jo kinne sjen wannear’t jo fêste ljepblêden bywurke wurde, bygelyks as jo in nij e-mailbejocht of priveeberjocht ûntfange.

As jo fan jo fêstsette ljepblêd út op in keppeling klikke, iepenet Firefox de keppeling automatysk yn in apart, nij ljepblêd, sadat jo fêstsette ljepblêd foar altyd bestean bliuwt (of oant jo it losmeitsje).