Jo foarkarren foar it sammeljen fan earstelynsgegevens beheare
Jo privacy is hiel wichtich foar Mozilla. Us earstelyns telemetry- en analyseplatfoarm, neamd Glean, folget ús eigen hege noarms foar lean-gegevenspraktiken.
Mozilla brûkt Glean om websitegebrûksgegevens op guon mozilla.org-websites te sammeljen om derfoar te soargjen dat wy ús besikers de best mooglike brûkersûnderfining biede. Glean dielt gjin ynformaasje mei tredden. Elk stikje gegevens dat wy sammelje, trochrint ek in strikt beoardielingsproses. Jo kinne mear te witten komme oer de spesifike soarten gegevens dy’t wy sammelje yn it Glean-wurdboek. Foar mear ynformaasje oer de manier wêrop wy omgean mei en dielen fan jo gegevens op Mozilla-websites, kinne jo ús Privacyferklearring foar websites, kommunikaasje en cookies lêze.
As jo jo noch hieltyd ôfmelde wolle foar earstelyns analyse, kinne jo dat hjirûnder dwaan. As jo op de ôfmeldingsknop klikke, wurdt in foarkarscookie ynsteld dat brûkt wurdt om foar te kommen dat Glean gegevens ferstjoerd wannear’t jo ús websiden lade. Dit foarkarscookie bliuwt 1 jier jildich.
Aktuele foarkar:
As jo fan gedachten feroarje, kinne jo jo hjir opnij oanmelde: