Selektearje kleuren yn Firefox mei it pipetark

Der binne in protte redenen dat jo miskien de krekte heksadesimale kleurkoade fan in spesifike kleur op in webside witte wolle. Miskien bouwe jo websiden of binne jo in grafysk ûntwerper. It pipetark, yn de desktopferzje fan Firefox, lit jo de krekte heksadesimale kleurkoaden fine troch gewoan de mûsoanwizer te pleatsen op in kleur dy’t jo op in webside sjogge. Mei ien klik wurdt dy kleurwearde nei jo klamboerd kopiearre.

Skermôfbylding fan it pipetark yn Firefox dy’t de heksadesimale kleurwearde fan in inkelde piksel op in webside toant.

Jo kinne it pipet fine ûnder ‘Browserark’ yn it menu Tools of ûnder ‘Mear ark’ yn it Firefox-arkbalkemenu (oan it ein fan de Firefox-arkbalke).