Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Pas jo Firefox-browser oan

Mei Firefox-tema's kinne jo it uterlik fan jo browser wizigje. Se stelle it kleureskema yn foar browsermenu’s en Firefox-systeemsiden, en kinne sels in eftergrûnôfbylding tafoegje oan jo Firefox-arkbalke.

Firefox komt mei in standert systeemtema en is foarsjoen mei ljochte, tsjustere en kleurige fariaasjes.

Ofbylding fan de standerttema’s dy’t by Firefox levere wurde, mei ljochte, tsjustere en kleurige fariaasjes.

Jo kinne mear fergeze oanpaste tema’s fine op addons.mozilla.org. Blêdzje troch de bêst beoardiele, trending en meast oanrekommandearre tema’s. Of sykje nei tema’s per kategory, ynklusyf muzyk, seizoen, sport, en natuer. Pas jo ûnderfining oan nei jo smaak. Aardige bisten, kweade robots, prachtige lânskippen: der binne tûzenen opsjes om Firefox jo eigen te meitsjen.

Ofbylding fan trije oanpaste Firefox-tema’s: in donkerpears en rôze tema mei wyt en oranje aksinten, in ljochtbêzje tema mei in akwarel fan fûgels en kersebloesems, en in donker swart en grien tema mei in hightech circuit patroan.