Mozilla VPN

VPN foar mobyl fan Mozilla

In VPN foar mobyl fan Mozilla downloade

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Yn de hjoeddeistige mobyl-rjochte wrâld fertrouwe wy op ús mobile telefoans en apparaten foar kommunikaasje, ferdivedaasje en wurk. Sûnder in VPN kinne jo persoanlike gegevens lykwols kwetsber wêze foar ferskate befeiligings- en privacyrisiko's.

Wêrom haw ik in VPN foar mobyl nedich?

  • De mobile Mozilla VPN-app is lyts, dus hy brûkt net in protte fan jo ûnthâld en fertraget jo telefoan net of ferbrûkt jo batterij net.
  • Jo ynternetprovider (ISP) kin jo bânbreedte beheine as se witte dat jo films sjogge, nei muzyk harkje of streame.
  • Jo ISP kin websites of tsjinsten blokkearje dy’t se net aardich fine of dy’t konkurrearje mei har eigen.
  • Hackers kinne jo persoanlike gegevens stelle as jo iepenbiere wifi brûke, lykas yn kafees of op fleanfjilden.

In VPN wurket oer jo folsleine apparaat, net allinnich yn jo browser, dus ek oer jo mobile apps. En yn tsjinstelling ta fergese VPN’s of proxywebsites, dy’t foar har servers betelje kinne troch jo te bespionearjen en jo ynformaasje te ferkeapjen, hâldt Mozilla gjin registers by fan wêr’t jo besykje en wat jo dogge.