Mozilla VPN

In VPN foar Windows fan Mozilla downloade

Bliuw feilich op jo Windows-apparaat mei in VPN

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

Windows is ien fan de populêrste bestjoeringssystemen yn de wrâld. As gefolch dêrfan wurde Windows-apparaten meastentiids tige oanfallen troch hackers en kinne foaral kwetsber wêze as jo gjin goede foarsoarchsmaatregels nimme. Jo kinne jo digitale libben beskermje troch in VPN te brûken om jo online aktiviteit te fersiferjen, lykas ek guon oare stappen, lykas jo software bywurke hâlde, unike en sterke wachtwurden meitsje, en Relay-maskers brûke om jo e-mail befeilige te hâlden.

In VPN makket in fersifere ‘tunnel’ foar jo ynternetgegevens tusken jo Windows-kompjûter en it ynternet, en maskearret jo lokaasje foar de websites dy’t jo besykje. Dit helpt om foar te kommen dat tredden en netwurkspionnen dingen oer jo leare dy’t se net hoege te witten.

Wat binne de foardielen fan it downloaden fan Mozilla VPN op myn Windows-apparaat?

  • Foarkom dat jo online aktiviteit sammele en dield wurdt mei tredden of advertearders.
  • As jo in grutte brûker binne fan online fideo- of muzykstreaming, kinne jo troch in VPN te brûken mooglik foarkomme dat jo bânbreedte beheind of tichtknipe wurdt troch jo ynternetprovider.
  • Jo kinne bepaalde apps útslute mei de funksje split tunneling. Hjirmei kinne jo guon apps troch de VPN rinne litte, wylst oaren bûten de tunnel bliuwe.
  • It brûken fan in Windows-apparaat op in iepenbier, net befeilige wifi-netwurk makket jo ynternetferkearynformaasje mear kwetsber foar netwurkspionnen, en in VPN kin jo helpe om jo gegevens privee te hâlden troch in sterke beskermingslaach ta te foegjen.

De app Mozilla VPN sil net tefolle fan jo Windows-apparatenûnthâld brûke, jo kompjûter fertrage of jo batterijlibben fergrieme.

De app Mozilla VPN sil net tefolle fan jo Windows-apparatenûnthâld brûke, jo kompjûter fertrage of jo batterijlibben fergrieme.

Mozilla VPN wurdt stipe op Windows 10 en Windows 11 en jo kinne it brûke op maksimaal fiif apparaten. Om te begjinnen kinne jo jo abonnearje op mozilla.org en de app downloade op jo Windows-apparaat.