Mozilla VPN

Beskermje jo Mac mei Mozilla VPN

In VPN foar macOS fan Mozilla downloade

Mozilla VPN downloade

30-dagen-jildweromgarânsje

In VPN (firtuele privee netwurk) is in must-have foar jo online privacy en feilichheid as jo jo Mac brûke. Hackers en ynternetproviders kinne jo online aktiviteit bispionearje, of jo persoanlike gegevens stelle.

Mar it finen fan in goede VPN kin lestich wêze. Guon binne stadich, ûnbetrouber, en hâlde sels lochboeken by fan jo online aktiviteit. Dêrom hawwe wy Mozilla VPN boud, in rappe, feilige en betroubere VPN fan de minsken dy’t jo Firefox brocht hawwe.

Mei Mozilla VPN kinne jo:

  • Untfang privacy mei ien klik mei in ienfâldige en gebrûksfreonlike interface.
  • Ferbyn oant wol 5 ferskillende apparaten mei ien abonnemint, ynklusyf Mac, mar ek iOS, Windows, Linux en Android.
  • Brûk ús VPN safolle as jo wolle. Oars as guon VPN’s, dy’t allinnich in bepaalde hoemannichte gegevens per moanne beskermje, beheine wy jo ferkear net. Gjin saak hoefolle gegevens jo brûke, it sil altyd beskerme wurde.
  • Untfang fersifering op apparaatnivo foar jo ferkear. Oars as oare oplossingen, dy’t allinnich jo sneupferkear fersiferje, fersiferet Mozilla VPN it allegearre, en beskermet jo ynternetferkear, nettsjinsteande hokker applikaasje belutsen is.
  • Foarkom dat ynternetproviders websites of tsjinsten blokkearje of blokkearje dy’t se net aardich fine, of dy’t konkurrearje mei har eigen oanbiedingen. Foar mear ynformaasje kinne jo lêze oer Netneutraliteit.

Wêrom Mozilla VPN?

Mozilla is in organisaasje dy’t wurket om it ynternet iepen en tagonklik te hâlden foar elkenien, en wy wurde stipe troch in non-profitorganisaasje. As jo Mozilla VPN brûke, beskermje jo josels net allinnich online, mar stypje jo ek de missy fan Mozilla. Mozilla VPN is feilich, iepen boarne, en it is ûntwikkele troch de befeiligingseksperts en makkers fan Firefox.

Mozilla registrearret net hokker websites jo besykje en ynspektearret jo kommunikaasje net. Wy hawwe ek in 30-dagen jild-werom-garânsje: gjin gedoch, gjin risiko.