Linux is fergees, iepen boarne en oanpasber, mar it is net ymmún foar online feiligens en privacyproblemen. Krekt as brûkers fan oare bestjoeringssystemen, hawwe Linux-brûkers te krijen mei sensuer, tafersjoch en hacken.
Wat is Mozilla VPN?
Mozilla VPN is in firtuele privee netwurk-tsjinst dy’t de meast moderne iepen boarne fersifering brûkt en gjin fan jo netwurkaktiviteiten locht, folget of dielt. It lit jo ferbine mei mear as 500 servers yn mear as 30 lannen.
Wêrom kieze Mozilla VPN foar Linux?
- Fluch en betrouber: Mozilla VPN brûkt it WireGuard® protokol, dat bettere prestaasjes en stabiliteit biedt as oare VPN-protokollen.
- Gjin lochboeken: Mozilla VPN hâldt gjin lochboeken fan jo netwurkaktiviteit by; wy registrearje net hokker websites jo besykje en ynspektearje jo ferkear net.
- Oanfoljende befeiligingsfunksjes: wy brûke DNS-blokkearring om advertinsjes, trackers en malware te blokkearjen. Wylst in browser allinnich foarkomme kin dat websites jo malware leverje en jo folgje.
- Fersifering op apparaatnivo: oars as VPN’s dy’t allinnich jo sneupferkear fersiferje, fersiferet Mozilla VPN al it ferkear fan jo apparaat, ynklusyf al jo applikaasjes en spultsjes.
- Multi-hop routing: foar ekstra beskerming kin Mozilla VPN jo ferkear fersiferje en it troch twa lokaasjes rûtearje yn stee fan ien, wêrtroch it foar elkenien dreger is om jo online aktiviteit te folgjen .
- Ienfâldige en yntuïtive interface: makket mei ien klik ferbining mei in server. Jo kinne jo ynstellingen en foarkarren ek oanpasse neffens jo behoeften.
- It helpt netneutraliteit te werstellen: Mozilla VPN helpt jo de kontrôle oer jo online aktiviteiten werom te nimmen troch foar te kommen dat ynternetproviders jo bânbreedte beheine of websites of tsjinsten blokkearje dy’t se net aardich fine, of dy’t konkurrearje mei harren eigen oanbod.
- GUI-client:Mozilla VPN hat in GUI-clïet (grafyske brûkersinterface), wylst guon VPN-oanbieders allinnich in CLI-ferzje (opdrachtrigel) leverje.
Troch Mozilla VPN te brûken, kinne jo de kontrôle oer jo online aktiviteiten weromnimme en jo privacy en gegevens beskermje. Download hjoed Mozilla VPN en genietsje fan in 30-dagen jild-werom-garânsje sûnder lochboeken, gjin gedoch en gjin risiko.
Mozilla VPN ynstallearje op Linux
As jo ien fan de stipe Ubuntu-releases brûke, binne der twa manieren om mozillavpn-pakketten te ynstallearjen dy’t host wurde op Launchpad:
- Ubuntu kommandorigelmodus: gean foar detaillearre ynstruksjes oer hoe’t jo Mozilla VPN ynstallearje mei helpmiddels foar kommandorigelmodus, nei Hoe kinne jo Mozilla VPN op in Linux-kompjûter ynstallearje.
- Ubuntu’s grafyske brûkersinterface: lês dit dit artikel en folgje de ynstruksjes yn de seksje Persoanlike pakketargiven tafoegje.
Derneist kinne jo foar net-stipe Linux-distribúsjes de boarnekoade nimme en kompilearje fan it offisjele GitHub-repository út.