Mozilla’s FAQ oer gegevensprivacy

We Stean Foar Minsken Boppe Winst.

Witte wat men fan brûkte software of tsjinsten ferwachtsje kin, kin tsjintwurdich lestich wêze. De technology dy’t ús libbens mooglik meitsje is kompleks, en minsken hawwe gjin tiid om har yn de details te ferdjipjen. Dat jildt ek noch hieltyd foar Firefox, wêrby wy tinke dat minsken in protte ferskate ideeën hawwe oer wat der yn harren browser ûnder de motorkape bart.

Mozilla respektearret en beskermet jo persoanlike gegevens:

  • Wy folgje in oantal Prinsipen oer gegevensprivacy dy’t ús oanpak fan privacy yn de mobile en desktopferzjes fan Firefox foarmjaan.
  • Wy sammelje allinnich gegevens dy’t nedich binne om de bêste produkten te meitsjen.
  • Wy jouwe minsken kontrôle oer harren gegevens en onlinebelibbingen.
  • Wy hâlde ús oan it prinsipe fan ‘gjin ferrassingen’, wat ynhâldt dat wy hurd wurkje oan it byld dat brûkers hawwe fan Firefox en de werklikheid.

De folgjende fragen en antwurden soene helpe moatte te begripen wat jo fan Mozilla en Firefox ferwachtsje kinne:

Ik brûk Firefox foar hast alles op it web. Jimme by Mozilla moatte wol in hiel protte oer my witte, net wier?

Firefox, de webbrowser dy’t op jo apparaat of kompjûter wurket, is jo tagongspoarte nei it ynternet. Jo browser beheart in protte ynformaasje oer de websites dy’t jo besykje, mar dy ynformaasje bliuwt oer it algemien op jo apparaat. Mozilla, it bedriuw dat Firefox makket, sammelet dizze ynformaasje net (útsein jo ús freegje dit te dwaan).

Sammelje jimme myn browserskiednis echt net?

Mozilla wit net sa folle oer hoe’t minsken op it web sneupe as jo dat ferwachtsje soene. As browsermakker is dat eins in grutte útdaging foar ús. Dêrom hawwe wy opsjonele helpmiddelen boud, wêrmei’t ynteressearre brûkers ús ynsichten oer harren sneupgedrach jaan kinne. As jo jo browserskiednis tusken Firefox-ynstallaasjes syngronisearje, witte wy net wat dy skiednis is - omdat dizze troch jo apparaat fersifere wurdt.

It liket der op dat alle bedriuwen op it ynternet myn gegevens keapje en ferkeapje. By jimme is dat wierskynlik net oars.

Mozilla ferkeapet gjin gegevens oer jo, en wy keapje gjin gegevens oer jo.

Mar wacht, hoe fertsjinje jin dan jild?

Mozilla is gjin gemiddelde organisaasje. Mozilla is yn 1998 oprjochte as in troch de mienskip ûnderhâlden iepenboarneprojekt en in troch in missy dreaune organisaasje dy’t nei in sûner ynternet tawurket. De mearderheid fan de ynkomsten fan de Mozilla Corporation is ôfkomstich fan royalty’s dy’t fia partnerferbannen mei sykmasinen yn de Firefox-browser en distribúsjeoerienkomsten oer de hiele wrâld krigen wurde. Mear ynformaasje oer hoe’t wy jild fertsjinje kinne jo fine yn ús finansjeel jierferslach.

Oké, de earste wiene maklike fragen. Hokker gegevens sammelje jimme?

Mozilla sammelet standert wol in beheinde hoemannichte gegevens fan Firefox út dy’t ús helpe begripe hoe’t minsken de browser brûke. Mear dêroer kinne jo yn ús privacyferklearring lêze, krekt as de folsleine dokumintaasje foar dy gegevenssammeling.

Wy meitsje ús dokumintaasje iepenbier, sadat elkenien ferifiearje kin dat wat wy sizze wier is, ús litte witte kin dat der wat ferbettere wurde moat, en der fertrouwen yn hawwe dat wy neat ferstopje.

Dy dokumintaasje is abrakadabra foar my! Kinne jimme it yn normaal Frysk/Nederlâns útlizze?

Der binne twa kategoryen gegevens dy’t wy standert sammelje yn ús releaseferzje fan Firefox.

De earste is wat wy ‘technyske gegevens’ neame. Dit binne gegevens oer de browser sels, lykas it bestjoeringssysteem wêryn dizze wurket en ynformaasje oer flaters of ûngelokken.

De twadde is wat wy ‘ynteraksjegegevens’ neame. Dit binne gegevens oer de belutsenheid fan in yndividu mei Firefox, lykas it oantal ljepblêden dat iepene wie, de steat fan brûkersfoarkarren, of it oantal kearen dat bepaalde browserfunksjes brûkt binne, lykas skermôfbyldingen of konteners. Dizze gegevens sammelje wy bygelyks fia de tebekknop, dat pylkje yn de linkerboppehoek fan jo browser wêrmei't jo nei in foarige side tebekgean kinne, op in manier dy’t ús fertelt dat ien de tebekknop brûkt hat, mar net fertelt hokker websiden besocht waard.

Sammelje jimme mear gegevens yn pre-releaseferzjes fan Firefox?

Min of mear. Neist de hjirboppe beskreaune gegevens ûntfange wy standert ûngelok- en flaterrapporten yn pre-releaseferzjes fan Firefox.

Mooglik sammelje wy ek oanfoljende gegevens yn pre-releaseferzjes foar ien fan ús ûndersiken. Guon ûndersiken fereaskje bygelyks wat wy ‘webaktiviteitgegevens’ neame, dy’t URL’s en oare ynformaasje oer bepaalde websites befetsje kinne. Dit helpt ús spesifike fragen oer it ferbetterjen fan Firefox te beäntwurdzjen, lykas hoe’t populêre websites yn bepaalde talen better yntegrearre wurde kinne.

Mozilla’s pre-releaseferzjes fan Firefox binne ûntwikkelplatfoarmen dy’t regelmjittich bywurke wurde mei eksperimintele funksjes. Wy sammelje mear gegevens yn pre-releaseferzjes dan dat wy nei frijjefte dogge om sa begripe te kinnen hoe’t dizze eksperimintele funksjes wurkje. Jo kinne jo yn de foarkarren ôfmelde foar it sammeljen fan dizze gegevens.

Mar wêrom sammele jo alhiel gegevens?

As wy net witten hoe’t de browser presteart of hokker funksjes minsken brûke, kinne wy dizze net ferbetterje en it geweldige produkt leverje dat jo wolle. Wy hawwe ynvestearre yn it bouwen fan gegevenssammeling en analysehelpmiddelen wêrmei wy tûke beslissingen oer ús produkt nimme kinne, wylst wy de privacy fan minsken respektearje.

Gegevenssamling steurt my noch hieltyd. Kin ik it útskeakelje?

Ja. Brûkerskontrôle is ien fan ú prinsipen oer gegevensprivacy. Dat hawwe wy yn Firefox yn praktyk brocht op ús side oer privacyynstellingen, dy’t fungearret as ‘one-stop shop’ foar elkenien dy’t op syk is nei it hâlden fan kontrôle oer harren privacy yn Firefox. Dêr kinne jo gegevenssammeling útsette.

Wat is der mei myn accountgegevens?

Wy hâlde in protte fan minimale gegevens en freegje net nei wat wy net nedich hawwe.

Jo hawwe gjin account nedich om Firefox te brûken. Accounts binne nedich om gegevens tusken apparaten te syngronisearjen, mar wy freegje jo allinnich om in e-mailadres. Saken lykas jo namme, adres, bertedatum en telefoannûmer wolle wy net witte.

Jimme brûke digitale reklame as ûnderdiel fan jin marketingmiks. Keapje jimme gegevens oer minsken om jin online advertinsjes better rjochtsje te kinnen?

Nee, wy keapje gjin gegevens fan minsken foar doelfêste advertinsjes.

Wy freegje ús advertinsjepartners wol om allinnich gegevens fan dizze partijen sels dy by websites en útjouwers oer alle brûkers bekend binne te brûken, lykas de browser dy’t jo brûke en it apparaat wêrop jo jo binne.

OK, oangeande dizze privacy hat Mozilla my wurklik beskerme.

Ja dat is wier.

Untdek mear oer hoe’t Mozilla it ynternet beskermet.