Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Wy boue in better ynternet

It is ús missy om te fersekerjen dat it ynternet in globaal publike boarne is, iepen en tagonklik foar elkenien. In ynternet dat werklik minsken op it earste plak set, wêr’t elkenien harren eigen ûnderfining foarmje kin en krêftich, feilich en ûnôfhinklik binne.

By Mozilla binne wy in wrâldwide mienskip fan technologen, tinkers en bouwers dy't gearwurkje om it ynternet yn beweging en tagonklik te hâlden, dus minsken oer de hiele wrâld kinne ynformearde meiwurkers en makkers fan it ynternet wurde. Wy leauwe dat dizze died fan minslike gearwurking oer in iepen platfoarm essinsjeel is foar yndividuele groei en ús kollektive takomst.

Lês it Mozilla-manifest foar noch mear ynfo oer de wearden en prinsipen dy’t it neirinnen fan ús missy liede.

Besjoch de boppesteande fideo foar mear ynfo oer wa't wy binne, wêr’t wy fuort komme en hoe’t wy it ynternet foar jo ferbetterje.
  • Meiwurkje

    Mooglikheden foar frijwilligers

  • Skiednis

    Wêr’t wy fandinne komme en hoe’t wy wurden binne wa't wy binne

  • Foarums

    Underwerpen befetsje stipe, produkten en technologyën

  • Bestjoer

    Us struktuer, organisaasje en de bredere Mozilla-mienskip