Ienfâldiger begjinne

Wizard foar ynstellen fan e-mailaccounts

Foardat dizze funksje der wie, moasten jo jo IMAP-, SMTP- en SSL/TLS-ynstellingen witte. It iennichste wat jo no hoege yn te fieren binne jo namme, e-mailadres en wachtwurd, en de wizard foar it ynstellen fan jo e-mailaccount sil ús database kontrolearje en de ynstellingen foar jo fine.

Ien-klik-adresboek

It Ien-klik-adresboek is in flugge en ienfâldige manier om persoanen oan jo adresboek ta te foegjen. Jo foegje persoanen ta troch ienfâldich op it stjerikoantjse yn it berjocht dat jo ûntfange te klikken. Fia twa klikken kinne jo mear details ynfiere, lykas in foto, jierdei en oare kontaktgegevens.

Werinnering foar bylagen

De werinneringsfunksje foar bylagen siket nei it wurd bylage (en oare wurden, lykas bestânstypen) yn de kearn fan jo berjocht en werinnert jo deroan dat jo in bylage tafoegje moatte eardat jo op Ferstjoere klikke.

Ljepblêden en sykje

Ljepblêden

As navigearjen mei ljepblêden yn Firefox jo befalt, sille jo e-mail in ljepblêden bot wurdearje. Mei e-mail yn ljepblêden kinne jo e-mailberjochten yn aparte ljepbblêden iepenje, sadat jo fluch tusken de berjochten omskeakelje kinne. Dit is bygelyks handich as jo dwaande binne mei it beantwurdzjen fan in e-mailberjocht en dêrfoar in earder berjocht besjen wolle.

Troch op Enter te drukken of op in e-mailtsje te dûbelklikken iepenje jo it berjocht yn in nij ljepblêd. Mei de rjochter mûsknop iepenje jo berjochten en mappen yn in ljepblêd op de eftergrûn.

By it ôfsluten fan Thunderbird wurde sichtbere ljepblêden bewarre en wer weromset as jo Thunderbird de folgjende kear iepenje. Der is ek in ljepblêdmenu op de ljepblêdarkbalke dat it omskeakeljen tusken ljepblêden makliker makket.

Fluchfilterarkbalke

Mei de Fluchfilterarkbalke kinne jo jo e-mail flugger filterje. Begjin mei it yntypen fan wurden yn it sykfjild fan it fluchfilter en de resultaten wurde direkt werjûn. Of jo kinne jo e-mail filterje op nije berjochten, labels, en persoanen yn jo adresboek. Ek kinne jo in filter “fêstsette” of bewarje en yn mear mappen brûke.

Sykje

De sykinterface yn Thunderbird befettet filter- en tiidlinehulpmiddelen om krekt dat e-mailtsje te finen dat jo sykje. Jo e-mailberjochten wurde ek yndeksearre, sadat jo noch flugger sykje kinne. Jo sykresultaten wurde yn in ljepblêd werjûn, wêrtroch jo ienfâldich tusken de resultaten en oare e-mailberjochten hin en wer skeakelje kinne.

Berjochtenargyf

As jo tinke dat jo in e-mailberjocht yn de takomst nedich hawwe kinne, mar dit net yn jo Postfek YN hawwe wolle sûnder it fuort te smiten, argivear it dan! Argivearje helpt jo by it behearen fan jo Postfek YN en ferpleatsen fan jo e-mail nei it argyfmappensysteem.

It selektearjen fan de knop Argivearje of it yntikken fan de toets ‘A’ sil jo e-mail argivearje.

Aktiviteitenbehearder

De Aktiviteitenbehearder hâldt op ien plak alle wikselwurkingen tusken Thunderbird en jo e-mailprovider by. It is gjin kwestje fan rieden mear; jo hoege mar op ien plak te sjen om alles wat der mei jo e-mail bart sjen te kinnen.

Pas jo e-mailbelibben oan

Foarmjouwing fan Thunderbird

Mei Persona’s, lichtgewicht “skins”, kin de foarmjouwing fan Thunderbird yn in omsjoch wizigje. Der binne hûnderten skins te krijen, fariearjend fan de nijste films en ferneamde lânskippen oant Japanske tatoeaazjes. Ek kinne jo in kar meitsje út ferskate tema’s dy’t alle ferskillende ikoantsjes yn Thunderbird in oar gesicht jaan.

Tûke mappen

Tûke mappen helpe jo by it behearen fan mear accounts troch spesjale mappen lykas jo Postfek YN, de map Ferstjoerd of de map Argiven te kombinearjen. Yn stee fan by elk e-mailaccount nei jo Postfek YN te gean, kinne jo al jo ynkommende e-mail yn ien Postfek YN besjen.

Add-onsbehearder

Add-ons kinne jo streekrjocht fan Thunderbird út sykje en ynstallearje. Jo hoege net langer de add-ons-website te besykjen – start yn stee dêrfan ienfâldich de add-onsbehearder. Net wis hokker tafoeging by jo past? Beoardielingen, oanrekommandearringen, beskriuwingen en ôfbyldingen fan de add-ons yn aksje helpe jo by it meitsjen fan jo seleksje.

Befeilich en beskerm jo e-mail

Robúste privacy

Thunderbird biedt stipe foar beskerming fan brûkersprivacy en beskerming tsjin eksterne ôfbyldingen. Om de privacy fan de brûker te garandearjen blokkearret Thunderbird automatysk eksterne ôfbyldingen yn e-mailberjochten.

Phishing-beskerming

Thunderbird beskermt jo tsjin e-mailscams dy’t brûkers probearje oer te heljen persoanlike en fertroulike gegevens te oerhandigjen troch oan te jaan wannear’t in berjocht in potinsjele poging ta phishing is. As twadde ferdiedigingslinie warskôget Thunderbird jo wannear jo op in keppeling klikke dy’t jo nei in oare webside liket te leiden dan dyjene dy’t troch de URL yn it berjocht oanjûn wurdt.

Automatyske fernijings

Thunderbirds fernijingssysteem kontrolearret oft jo de meast resinte ferzje brûke en bringt jo op de hichte wannear in befeiligingsfernijing beskikber is. Dizze befeiligingsfernijingen binne lyts (trochgeand 200KB – 700KB) en befetsje allinnich wat nedich is, sadat se fluch yn te laden en te ynstallearjen binne. It automatisearre fernijingssysteem fersoarget fernijingen foar Thunderbird yn Windows, macOS en Linux yn mear as 40 ferskillende talen.

Net-winske berjochten weilitte

Thunderbirds populêre hulpmiddelen foar it filterjen fan net-winske berjochten binne bywurke om spam foar te bliuwen. Elk e-mailberjocht dat jo ûntfange passearret Thunderbirds foaroprinnende spamfilters. Hieltyd as jo berjochten as spam markearje, “leart” Thunderbird dêrfan en ferbetterret it syn filters, sadat jo mear tiid hawwe om e-mail te lêzen dy’t relevant is. Thunderbird kin ek de spamfilters fan jo e-mailprovider brûke om net-winske berjochten út jo Postfek YN te hâlden.

Iepen boarne

Oan de basis fan Thunderbird leit in iepenboarne-ûntwikkelingsproses dat troch tûzenen entûsjaste, betûfte ûntwikkelers en befeiligingseksperts út de hiele wrâld makke wurdt. Us tagonklikheid en aktive mienskip fan eksperts soargje derfoar dat ús produkten feiliger binne en fluch bywurke wurde. Hjirtroch kinne wy ek profitearje fan de bêste scan- en evaluaasjehulpmiddelen fan tredden, om dêrmei de algehiele feilichheid noch fierder te fersterken.