Oer Lightbeam

Hoe't de add-on wurket

Lightbeam fisualisearret de relaasjes tusken de websites dy't jo besykje en de websites fan eksterne partijen dy't op die siden aktyf binne.

Fia twa ferskate ynteraktive grafyske foarstellingen – Grafyk en List – lit Lightbeam jo yndividuele eksterne partijen ûndersykje, fêststelle wêr't se mei jo online-aktiviteit ferbine en biedt it manieren om by dizze unike werjefte fan it ynternet belutsen te reitsjen.

De standert Grafyk-werjefte biedt in real-time-fisualisaasje fan elke website dy't jo besykje en alle oanfragen foar eksterne partijen dy't fan jo browser út dien binne. De Grafyk-werjefte biedt ek oanpasbere filters wêrmei't jo yn in eachwink mear soarten fan gegevens fisualisearje kinne. De List-werjefte biedt mear opsjes foar it besjen fan spesifike websites. Fia websitefoarkarren yn de List-werjefte kinne jo websites blokkearje foar it meitsjen fan ferbining mei jo Firefox-browser, websites wêryn't jo ynteressearre binne folgje of websites dy't jo net fisualisearre sjen wollen ferstopje.

Lightbeam biedt ek in ynformaasjepaniel dat oanfoljende details biedt oer de selektearre website en de websites wêrmei't it ferbûn is.

De werkomst fan Lightbeam

Lightbeam begûn yn july 2011 as Collusion, in persoanlik projekt fan Mozilla-softwareûntwikkeler Atul Varma. Ynspirearre troch it boek The Filter Bubble makke Atul in eksperimintele add-on om sneupgedrach en gegevenssammeling op it ynternet te fisualisearjen.

Yn febrewaris 2012 yntrodusearre Gary Kovacs, destiids CEO by Mozilla, de Collusion-add-on yn in TED talk (no ien fan de meast besjoene TED talks aller tiden) oer it ûntbleatsjen fan online folchgedrach.

Yn septimber 2012 bondele Mozilla de krêften mei fakulteit- en ûndersyksstudinten fan de Emily Carr University of Art + Design foar it ûntwikkeljen en ymplementearjen fan fisualisaasjes foar de add-on. Mei de stipe fan de Ford Foundation en de Natural Sciences and Engineering Research Council (NSERC) is Collusion opnij foarsteld as Lightbeam en útbrocht yn de hjerst fan 2013.

Besykje http://research.ecuad.ca/lightbeam foar mear ynformaasje oer de gearwurking.

Belied en it gruttere folchferhaal

By Mozilla leauwe wy dat elkenien de helpmiddelen hawwe moat om eigen beslissingen te nimmen oer privacy en wa't gegevens oer him of har sammelet. Mei de Lightbeam-add-on biede wy in weardefol (en iepen) ûndersyksplatfoarm fan de mienskip, dat der op rjochte is omtinken te kreëarjen, analyse te befoarderjen en úteinlik ynfloed te hawwen op beliedswiziging op it mêd fan folgjen en privacy. Lightbeam is ien stap yn in gruttere, sammentlike besykjen fan Mozilla en harren partners om ynternetbrûkers mear kontrole en transparânsje oer harren persoanlike gegevens te bieden.

Lês mear oer online folgjen en privacy

De Mozilla Foundation is in non-profitorganisaasje dy't de wearden fan in iepen ynternet nei de widere wrâld befoardert. De gruttere Mozilla-mienskip sjocht de groeiende relevânsje fan onlineprivacy en stipet ferskate inisjativen dy't it probleem op ferskate manieren oanpakke. stopwatching.us
www.mozilla.org/dnt/

Gegevensyndielingen yn Lightbeam

Besykje ús dokumintaasje op Github foar mear ynfo oer de yn Lightbeam brûkte bestânsyndielingen.

Partners fan Lightbeam

De Ford Foundation is in non-profitorganisaasje dy't harren rjochtet op de missy fan it befoarderjen fan minsklik wolwêzen. Se biede stipe foar bedriuwen en ynstituten dy't tawijd binne oan it fersterkjen fan demokratyske wearden, it ferminderjen fan earmoede en sosjaal ûnrjocht, it stypjen fan minslike ferworvenheden en it fersoargjen fan ynternasjonale gearwurking.

De Social + Interactive Media (SIM) Centre oan de Emily Carr University of Art + Design stipet in grut skala oan projekten yn ûntwerp en media, wêrtroch bedriuwen streekrjocht tagong krije ta it ynnovative tinken, de ûntwerpkwaliteiten en ûndersyksûnderfiningen fan British Columbia’s meast kreative fakulteit en studinten.