In wichtige wiziging yn Firefox: spesifike profilen

Wy hawwe mear as ien ferzje fan Firefox op jo kompjûter detektearre. Miskien moatte jo aksje ûndernimme.

Wat der wizige is

Foarhinne dielden alle ynstallaasjes fan Firefox standert itselde profyl. Firefox biedt no spesifike profilen foar elke Firefox-ynstallaasje (dit omfettet ynstallaasjes fan Firefox Nightly, Firefox Beta of Firefox ESR). Dit makket Firefox stabiler by yt wikseljen tusken Firefox-ynstallaasjes op deselde kompjûter.

Hoe spesifike profilen wurkje

Firefox bewarret ynformaasje lykas jo blêdwizers, wachtwurden en brûkersfoarkarren yn in groep bestannen dy't jo profyl neamd wurde. Dit profyl wurdt op in oare lokaasje bewarre as de Firefox-programmabestannen.

Wat moatte jo dwaan