Firefox Browser

Gean flugger nei jo favorite plakken op jo iPhone en iPad

Besjoch jo iepen ljepblêden, eardere sykopdrachten en favorite websites op ien plak mei Firefox Browser foar iOS.

Download yn de App Store

Download Firefox foar iOS

Scan de QR-koade om te begjinnen

Scan de QR-koade om Firefox op iOS te downloaden

Firefox jo standertbrowser meitsje

Brûkers fan iPhone en iPad kinne no harren eigen standertbrowser kieze. Dat betsjut dat jo net fêstsitte oan it gebrûk fan Safari, en dat jo mobile browser syngronisearre bliuwe kin mei jo favorite desktopbrowser. En as jo Firefox ynstelle as jo standertbrowser, stypje jo in ûnôfhinklik technologybedriuw. Firefox is ek de iennige grutte browser dy’t stipe wurdt troch in non-profitorganisaasje.

Fluch, privee en fergees

Hâld wat persoanlik is privee sûnder yn te leverjen op razendsnelle snelheid. Boppedat jouwe tûke navigaasjefunksjes jo de mooglikheid om jo privacy, wachtwurden en blêdwizers feilich mei te nimmen, wêr’t jo ek hinne gean, wêrtroch jo libben online makliker wurdt.

Bliuw online privee

Firefox biedt jo mear privacybeskerming wylst jo op ynternet binne. Us Ferbettere beskerming tsjin folgjen blokkearret standert trackers en scripts lykas sosjale-mediatrackers, cross-sitecookietrackers, cryptominers en fingerprinters.

Jo navigaasjeskiednis beheart ta it ferline

As jo wolle, kinne jo der ienfâldich foar kieze om online te gean en te sykjen yn de priveenavigaasjemodus. En wannear’t jo de priveenavigaasjemodus slute, wurde jo navigaasjeskiednis en eventuele cookies automatysk fan jo apparaat wiske.

Helje mear Firefox yn jo libben

Foegje Firefox ta oan al jo apparaten foar feilich en ûnbeheind sneupe. Syngronisearje jo apparaten om jo favorite blêdwizers, bewarre oanmeldingen, wachtwurden en navigaasjeskiednis oeral mei hinne te nimmen. Plus, ferstjoer iepen ljepblêden tusken jo telefoan en desktop om fierder te gean wêr’t jo bleaun wiene.

Fyn alles flugger

Untfang syksuggestjes yn de sykbalke en krij fluch tagong ta de websites dy’t jo it meast besykje. Typ jo sykfraach en ûntfang foarstelde en earder opsochte resultaten yn jo favorite sykmasinen.

Bepaal sels jo startskerm

Gean flugger nei de dielen fan it ynternet dy’t jo wichtich fine. Kies derfoar om al jo iepene ljepblêden, resinte sykopdrachten, blêdwizers en favorite websites op ien plak te sjen.

Untdek mear fan wêr’t jo fan hâlde

Iepenje in nij ljepblêd yn Firefox om de websites dy’t jo it meast besykje, jo resinte blêdwizers en populêre artikelen yn Pocket te sjen. Firefox biedt jo flugge tagong ta jo meast resint brûkte websites om jo te helpen flugger te kommen wêr’t jo hinne wolle.

Oer Mozilla

Mozilla bestiet om it ynternet te bouwen as in iepenbiere boarne dy’t foar elkenien tagonklik is, omdat wy leauwe dat iepen en fergees better is as sluten en kontrolearre. Wy bouwe produkten as Firefox en Pocket om kar, transparânsje en oanstjoeren te befoarderjen.