Firefox

Lokaasjebewust sneupe

Firefox kin websites fertelle wêr't jo binne sadat jo ynformaasje fine kinne dy't mear relevant en mear brûkber is. It is oer it web tûker te meitsjen – en is dien op in wize dy't hielendal jo privacy respektearret. Probearje it ris!

Faak stelde fragen

Wat is lokaasjebewust sneupe?

Websites dy't lokaasjebewust sneupe brûke, sille jo freegje wêr't jo binne om jo relevante ynformaasje te jaan, of om tiid te besparjen wylst it sykjen. Sykje jo bygelyks in pizzeria yn jo omjouwing. In website kin jo freegje om jo lokaasje, sa dat ienfâldich sykje nei “pizza” jo de antwurden jout dy't jo nedich hawwe... ekstra ynformaasje type is net nedich.

Of, as jo in rûte útsette wolle nei in plak, sil de website witte wêr't jo binne as startpunt sa dat alles wat jo dwaan moatte is fertelle wêr't jo hinne wolle.

Dizze tsjinst is totaal opsjoneel – Firefox dielt jo lokaasje net sûnder jo tastimming – en it wurdt dien mei it grutst mooglike respekt foar jo privacy. En, lykas alle elementen fan Firefox, it wurd makke mei iepen standerts om it maklik te meitsjen foar webûntwikkelers.

Hoe wurket it?

As jo in lokaasjebewuste website besykje, sil Firefox jo freegje of jo jo lokaasje diele wolle.

As jo akkoard geane, sammelet Firefox ynformaasje oer triedleaze tagongspunten yn 'e buert en jo kompjûter syn IP-adres. Dan stjoert Firefox dizze ynformaasje nei de standert geolokaasje-tsjinst-provider, Google Location Services, om in skatting te meitsjen fan jo lokaasje. Die lokaasjeskatting wurdt dan dielt mei de website dy't dêrom frege hat.

As jo net akkoard geane, sil Firefox neat dwaan.

Hoe akkuraat binne de lokaasjes?

Akkuratesse ferskilt fan lokaasje ta lokaasje. Yn guon plakken, kinne ús tsjinstproviders yn steat wêze om in lokaasje binnen in pear meters te jaan. Mar yn oare gebieden kin it folle mear wêze. Alle lokaasjes opjûn troch ús tsjinstproviders binne skattingen en wy kinne de akkuratesse fan de lokaasjes net garandearje. Brûk dizze ynformaasje net foar needtastannen. Brûk altyd jo holle.

Hokker ynformaasje wurdt ferstjoerd, en nei wa? Hoe wurdt myn privacy beskerme?

Jo privacy is ekstreem wichtich foar ús en Firefox dielt jo lokaasje nea sûnder jo tastimming. As jo in side besykje dy't ynformaasje freget, sil jo earst frege wurde, eardat ynformaasje dielt wurdt mei de opfreegjende website en ús tredde-partij tsjinstprovider.

Standert, brûkt Firefox Google Location Services om jo lokaasje te ûntdekken troch it stjoeren fan:

  • jo kompjûter syn IP-adres,
  • ynformaasje oer de triedleaze tagongspunten yn 'e buert en
  • in wikseljende client identifier, hokker bepaalt is troch Google, dy't elke 2 wiken ferrint.

Foar in folsleine omskriuwing fan ynformaasje sammele en brûkt troch Firefox, sjoch asjobleaft de Firefox Privacybetingsten (yn it Ingelsk).

Google Location Services jout dan jo skatte geolokaasje werom (byg., lingte- en breedtegraad). Foar in folsleine omskriuwing fan ynformaasje sammele en brûkt troch Google, sjoch asjobleaft de Google Geolocation Privacybetingsten (yn it Ingelsk).

De ynformaasje wurdt útwiksele oer in fersifere ferbining om jo privacy te beskermen. Sa gau as Firefox jo lokaasje-ynformaasje hat, wurdt it trochjûn oan de website dy't dêrom frege hat. Nea wurdt de namme of lokaasje fan de website dy't jo besykje of cookies dielt mei Google Location Services.

Sawol Mozilla as Google sille nea de ynformaasje sammele troch Google Location Services brûke om jo te identifisearjen of jo te bespionearjen.

Foar ynformaasje oer wat de freegjende website docht mei jo lokaasje-ynformaasje, sjoch dêrfoar op de privacybetingsten fan de website sels.

Foar mear ynformaasje oer jo privacy, lês dan it folgjende troch:

Wurd ik folge as ik omsneup op it web?

Nee. Firefox freget allinnich om in lokaasje as in website in fersyk docht en dielt allinnich jo lokaasje as de brûker it fersyk tastien hat. Firefox folget of ûnthâld jo lokaasje net as jo ynternette.

Hoe meitsje ik in tastimming ûngedien foar in website?

As jo Firefox tastimming jûn hawwe om altyd jo lokaasje op te jaan oan in website en letter fan gedachten feroarje, kinne jo ienfâldichwei dy tastimming ynlûke. Hjir is hoe't jo dat dogge:

  • Navigearje nei de website dêr't jo tastimming jûn hawwe
  • Gean nei it Ekstra menu, selektearje dan Side-ynfo
  • Selektearje it Tastimmings ljepblêd
  • Wizigje de ynstelling foar Diel Lokaasje

Hoe skeakel ik lokaasjebewust sneupe permanint út?

Lokaasjebewust sneupe is altyd opsjoneel yn Firefox. Der wurdt nea lokaasje-ynformaasje ferstjoerd sûnder jo tastimming. As jo dit ûnderdiel folslein útskeakelje wolle, folgje dan de folgjende stappen:

  • Yn de adresbalke, typ about:config
  • Typ geo.enabled
  • Dûbelklik op it geo.enabled foarkar
  • Lokaasjebewust sneupe is no útskeakele

Hoe kin ik stipe foar Geolokaasje tafoegje oan myn website?

Jo kinne stipe foar Geolokaasje yn jo service yntegrearje mei de folgjende ynstruksjes op Mozilla Developer Center.