Firefox Focus

Gewoan privee mobyl navigearje

Firefox Focus is jo spesjale privacybrowser mei automatyske beskerming tsjin folgjen. Mei Focus wurde jo siden flugger laden en bliuwe jo gegevens privee.

Firefox Focus is beskikber foar sawol iOS- as Android-apparaten.

Firefox Focus downloade

Scan de QR-koade om te begjinnen

Scan de QR-koade om Firefox Focus te downloaden

Jo skiednis fuortsmite

Wiskje ienfâldich jo skiednis, wachtwurden en cookies, sadat net winske advertinsjes jo net online folgje. Tik gewoan op de knop Wiskje yn it sykfjild en it is fuort.

Bring de priveemodus nei in heger nivo

‘Priveenavigaasje’ yn de measte browsers is net echt sa privee. Firefox Focus is fan in oar nivo, wêryn privacy standert is, en wurdt stipe troch Mozilla, de non-profitorganisaasje dy’t striidt foar jo rjochten op ynternet.

Beskerming tsjin folgjen

Firefox Focus blokkearret standert in grut tal faaks foarkommende trackers, ynklusyf sosjale trackers en fan dy swier fuort te smiten trackers dy’t ôfkomstich binne fan bygelyks Facebook-advertinsjes.

Sjoch it allegearre flugger

Focus smyt trackers fuort, sadat de siden dy’t jo besjogge minder gegevens nedich hawwe en folle flugger laden wurde. Jo kinne ek maksimaal fjouwer fluchkeppelingen fêstmeitsje oan jo startskerm en noch flugger nei jo favorite website gean sûnder wat te typen.

Makke troch Mozilla

Wy fine dat elkenien kontrôle oer syn of har onlinelibbens heart te hawwen. Dêr hawwe wy sûnt 1998 foar stride.