Wa makket de beste mobile browser? Wy fergelykje mobile ferzjes fan Firefox, Chrome, Edge, Safari en Opera om der efter te kommen.
Omdat jo mobile browser jo libbensline nei ynformaasje is, wêr’t jo ek binne, binne snelheid, feilichheid, privacy en gebrûksgemak de kaaien ta in goede ûnderfining. Dus wat is de beste mobile browser? Litte wy de topspilers fergelykje – en sjen hokke it beste by jo behoeften past.
Hokker mobile browser hâldt dingen fertroulik?
Befeiliging en privacy | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|
Priveenavigaasjemodus | |||||
Blokkearret standert tracking-cookies fan tredden | |||||
Blokkearret cryptomining-scripts | |||||
Blokkearret fingerprintscripts | |||||
Blokkearret sosjale trackers | |||||
Dashboard om blokkearre trackers te besjen |
Jo mobile browser moat minimaal in ferzje fan de ‘priveenavigaasjemodus’ biede, wêrmei't jo navigaasje- en sykskiednis automatysk fuortsmiten wurde. Op dit gebied skoare alle fiif de browsers dy’t hjir fergelike wurde punten.
In oare mobile funksje dy’t in gegeven wêze moatte soe, is de mooglikheid om foar te kommen dat websites en bedriuwen jo sneup- en winkelgegevens folgje – sels yn de normale navigaasjemodus.
It blokkearjen fan trackers fan tredden is net allinnich wichtich foar de privacy – it helpt siden ek folle flugger te laden, sûnder dy stikjes koade dy’t harren oan jo browser hechte en dizze fertrage.
Ut de boppesteande grafyk is it dúdlik dat Firefox de meast komplete privacy- en befeiligingsset fan de fiif browsers biedt en in dashboerdoersjoch biedt fan jo folsleine feilichheid en privacy online.
Wat kin jo browser foar jo dwaan?
Funksjes | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|
Automatysk ôfspyljen blokkearje | |||||
Navigearje mei ljepblêden | |||||
Blêdwizerbehearder | |||||
Automatysk ynfoljen fan formulieren | |||||
Automatysk ynfoljen fan betellingen | |||||
Sykmasine-opsjes | |||||
Tekst nei spraak | |||||
Lêzermodus | |||||
Staveringshifker | |||||
Webútwreidingen/add-ons | |||||
Donkere modus | |||||
Desktopmodus | |||||
Sykje op side | |||||
Ofbyldingen sykje | |||||
Sprutsen sykopdrachten | |||||
Tafoegje oan startskerm | |||||
Nijsfeed | |||||
Yn-app-VPN |
In haadyngrediïnt fan in goed makke browser is de funksjonaliteit. Wat kin hy dwaan? Hast alle fiif browsers binne lyk as it giet om ljepblêden, blêdwizers, automatysk ynfoljen fan fjilden, mar allinnich Firefox en Safari biede add-ons/útwreidingen, dy’t in soarte fan apps foar jo browser binne, om dizze persoanliker, krêftiger of gewoanwei aardiger te meitsjen.
Kin jo browser goed oerwei mei oare apparaten?
Synchronisaasje | ![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
|
---|---|---|---|---|---|
Beskikberheid op bestjoeringssystemen | |||||
Beskikberheid op mobile bestjoeringssystemen | |||||
Syngronisearret mei mobyl | |||||
Wachtwurdbehear | |||||
Haadwachtwurd |
De mobile ferzje fan Safari, dy’t yn it foar ynstallearre is op de mobile apparaten fan Apple, is allinnich kompatibel mei oare Apple-apparaten lykas iPad en Mac-laptops. Firefox, Chrome en Opera wurkje op alle platfoarms, wêrûnder iOS, Android, Windows, Mac en Linux, mei útsûndering fan de Edge-browser, dy’t net kompatibel is mei Linux-basearre apparaten.
Hast alle mobile browsers dy’t hjir fergelike wurde, meitsje folsleine syngronisaasje tusken mobile en desktopapparaten mooglik.
It goede nijs foar iPhone-brûkers is dat Apple koartlyn iPhone-brûkers tastien hat om harren eigen standertbrowser te kiezen, sadat brûkers harren apparaten no syngronisearje kinne tusken platfoarms as se bygelyks Firefox ynstallearje op harren iPhone en Windows-pc.
Op basis fan de kritearia dy’t wy sketst hawwe – privacy, funksjes en syngronisaasje – is der eins mar ien mobile browser dy’t oan alle trije foldocht, en dat is Firefox. Hoewol de kategoryen Funksjes en Syngronisaasje fergelykber binne, ûnderskiedt Firefox him yn privacy, omdat wy fine dat dit it essinsjele ûnderdiel is wêrmei't jo gewoan fan ynternet genietsje kinne – presys sa as jo dat wolle.
Ofsjoen fan ús oanrekommandaasjes, hinget it finen fan de browser dy’t by jo past altyd ôf fan jo yndividuele behoeften en wat jo it meast wurdearje wylst jo online navigearje.
De hjir makke fergelikingen binne mei standertynstellingen yn de folgjende browserferzjes útfierd:
Firefox (84) |
Chrome (87) |
Edge (45.11.1) |
Safari (14) |
Opera (61)
Dizze side wurdt twa kear yn it kwartaal bywurke om de nijste ferzjes wer te jaan en jout mooglik net altyd de lêste updates.
Scan de QR-koade om te begjinnen