Firefox-browser foar Android

Us meast oanpasbere Firefox foar Android oant no ta.

Funksjes

  • Flugger, better browse op jo manier

    Allinnich Firefox jout jo sa folle manieren om flugger te surfen. Pas jo browserynstellingen oan om topfaasje te heljen mei opsjes as tûker diele en oanpasbere standertsykmasines.

  • Kom mar op mei de add-ons

    Fan adblockers oant fideodownloaders, mei Firefox kinne jo de helpmiddelen kieze om jo perfekte browser te bouwen. Foegje ta wat jo nedich hawwe, slach oer wat net.

  • Behear jo privacy

    Wy fine dat jo gegevens fan jo binne. Firefox ferkeapet gjin tagong ta jo browserskiednis, dus mei helpmiddelen as Priveenavigaasje mei Beskerming tsjin folgjen hawwe jo de kontrôle.

Mear prestaasje

Kom mar op, ynternet! Prestaasjes fan Firefox hawwe it ôfrûne jier in boost ûndergien. Start no flugger op, ljep flugger tusken ljepblêden en skow as in faasjeduvel.

Kij mear dien mei Firefox

Mear frijheid

Efter de massa oanrinne is net jo styl. As part fan de non-profitorganisaasje Mozilla, lied Firefox it gefjocht om jo online rjochten te beskermen en in ynternet dy't elkenien brûke kin – net mar in pear.

Unôfhinklik sneupe mei Firefox