Wurd frijwilliger by Mozilla!

  • 10,554 aktive Mozillians wrâldwiid
  • 44 Kommende eveneminten yn de wrâld
  • 87 talen en it oantal groeit, op elk kontinint

#IAmAMozillian

Hoi, ik bin Shreyas, in Mozillian yn Yndia

Ik bin in Webmaker-supermentor mei in passy foar it bouwen fan in noch iepener ynternet. Ik bin gek op elke gelegenheid dy't myn mienskip gearbringt – of dit no bart fia MozCafés, ûnderwiismooglikheden of gewoanwei gearkomme om oer projekten te praten.

Op dit stuit help ik mei:

  • KidZilla
  • MozCafés
  • Maker Party
  • Mienskipseveneminten

Ien fan de saken dêr't ik it meast grutsk op bin yn myn tiid as Mozillian is “KidZilla”, in projekt dat ik opstart haw om kânsearme learlingen oer de basis van kompjûters en it ynternet te ûnderwizen.

Ik bin ek in fûleindich skriuwer – as jo yn Kommunikaasje of PR wurkje, twifelje dan net om kontakt mei my op te nimmen. Ik wurkje graach earne oan. En as jo ea oer Webmaking en ûnderwize prate wolle, bin ik altyd beskikber.

Meitsje kunde mei noch inkelde oare Mozillians

Mienskipsfernijingen (Ingelsk)