Wurd frijwilliger by Mozilla!

  • 10,554 aktive Mozillians wrâldwiid
  • 47 Kommende eveneminten yn de wrâld
  • 87 talen en it oantal groeit, op elk kontinint

#IAmAMozillian

Hoi, ik bin Faye, in Mozillian yn de Filippijnen

Yn 2011 gie ik nei myn earste lokale Mozilla-evenemint en troch alle prachtige minsken dy't ik moete haw en kennen learde, rekke ik ynspirearre om mear te dwaan. En no bin ik de mienskipsbehearder fan Mozilla Philippines.

Op dit stuit help ik mei:

  • Webmaker
  • WoMoz
  • Firefox Student Ambassadors
  • Community Building

Myn passy leit by it organisearjen fan lokale Webmaker- en WoMoz- (frouen yn Mozilla)-mienskipseveneminten wêr't ik oaren opliede kin en harren feardichheden ûntwikkelje kin. Ek help ik mei mei it Firefox Student Ambassadors-programma en Community Building.

Myn favorite part fan it Mozillian wêzen, is de wrâldwide mienskip. Dizze sjoch ik graach as in “famylje” wêryn wy inoar iepenlik akseptearje en frij binne om wylst it gearwurkjen tinzen út te sprekken.

Meitsje kunde mei noch inkelde oare Mozillians

Mienskipsfernijingen (Ingelsk)